Film ‘Goud’ no tongersdei te sjen

july 25, 2021 08:42 Fernijd

De jonge turnbelofte Timo (David Wristers) en syn beheinde heit Ward (Marcel Hensema) diele ien grutte dream: goud helje op de Olympyske Spullen. Dêr wurdt Timo yn begelaat troch syn heit, dy’t – sels ea in talintfol turner oant er in autoûngelok krige – in protte fan him easket. Hy leit druk op syn soan, mar Timo hat himsels ek in missy jûn: hy méi net fale.

Byld: Myrthe Mosterman

Timo is him bewust fan de taak om alles wat oan it libben mankearret mei ‘goud’ goed te meitsjen: de mislearre turnkarriêre fan syn heit, Wards ynfaliditeit en sels it missen fan de mem. De film Goud giet oer de fysike en mentale yntinsiteit fan topsport en toant op ynkringende wize it dilemma fan safolle tsieners: de ynderlike striid tusken eigen identiteit en de leafde foar in âlder.

Tegearre hawwe Timo en Ward alles foar goud ynset: wurk, skoalle, sosjale kontakten, komfort en in kâns op in normaal libben bûten de sport. Mar as Timo fysioterapeute Irene moetet, reitsje nije gefoelens yn striid mei syn tawijing oan syn heit en de Olympyske missy. Der giet in nije ûnbekende wrâld – dy fan froulikheid – foar him iepen en hy is net te rêden ferlern. Ward fielt rûs op ’e line en fiert de presje op. Timo wurdt hinne en wer slingere tusken in spannende nije wrâld en it libben mei syn heit, dat er ynienen as benearjend ûnderfynt. Hy makket him aloan mear los fan syn heit en begjint fragen te stellen oer syn ôfwezige mem. Wêrom is sy fuortgien en wurdt der nea mear oer har praat?

Goud gie by it IFFR yn wrâldpremjêre en krige loovjende resinsjes. Yn syn behearske spylfilmdebút lit regisseur Rogier Hesp de twa haadpersonaazjes like ynbannich as ûnûntkomber botse. De ien wurdt spile troch in rasakteur Marcel Hensema, de oar troch debutant David Wristers, earedifyzjeturner en earder Nederlânsk kampioen junioaren. Myrthe Mosterman wûn mei Goud in Gouden Keal foar bêste kamera yn 2020.

Utstjoering: tongersdei 29 july om 21.45 oere by de NTR op NPO 3.

Besjoch hjir in foarfilmke:

 

july 25, 2021 08:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.