Feestlike 20e edysje Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach

july 17, 2021 08:39 Fernijd

Fan 2 o/m 7 oktober fiert it Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach syn tweintichste jierdei. Yn in gearspul fan muzyk en natuer presintearret it populêre, jubilearjende festival oer it hiele 200 km2 grutte Waadeilân masterlessen, muzykdokumintêres, lêzingen, natuerekskurzjes en konserten fan fyftich nasjonale en ynternasjonale topmusisy.

Foto: Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach

By de jubileumedysje fan it Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach klinkt it hiele eilân. Oft men no yn de konsertseal sit, troch de Kobbedunen fytst of op it strân rint, oeral is muzyk te hearren. Foar it jubileum is in spesjale festivalapp ûntwikkele dêr’t de besiker de konserten live oer it hiele eilân mei beharkje kin. Dy wurde jûn troch ynternasjonale topmusisy lykas sellist Gary Hoffman, pianist Julien Libeer en fioelist Philippe Graffin, mar ek troch talinten lykas fioelist Niek Baar, sjongeres Nai Barghouti en kontrabassist Sasha Witteveen. Fan ’e hjerst fungearret it eilân ek as festivalmuseum; op bysûndere plakken ûndergiet de besiker keunst yn ’e foarm fan bûtenoptredens, in foto-eksposysje, podcasts en sânkeunstwurken.

Fan 16 augustus ôf stiet it hiele programma online, de kaartferkeap set 30 augustus útein.

Sjoch op de webside foar mear ynformaasje.

july 17, 2021 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.