Farske streekprodukten op wyklikse Boeremerk Wâldsein
Resint ferskynd
Op sân tongersdeis efterinoar wurdt de Boeremerk yn Wâldsein holden. De earste kear is op tongersdei 15 july. De merk wurdt holden op de Waechswâl yn it sintrum fan it doarp, fan 11.00 oant 17.00 oere. De lêste kear is op 26 augustus.
De merk wurdt rom opset en alle besikers wurdt frege oardel meter ôfstân te hâlden. Der is in dúdlike rinrûte by de goed 25 diskes del, besikers wurdt frege de ienrjochtingsrûte te folgjen.
Farske streekprodukten
Op de Boeremerk is fan alles te keap: grienten, fruit, jam, huning, boeretsiis, skieppetsiis, geitetsiis, spesjale bôlen, taart, ferskate soarten fleis, woarst, satee, salm, iel, tee, kofje, biosoppen, biologyske nôtprodukten, olive-oalje, tapenaden, ensfh.
Ferrassend assortimint neist iten
Neist farske streekprodukten kin men op ’e merk terjochte foar oare ferrassende artikels, lykas houten servearplanken, natuerroken, fersoargingsprodukten, húshâldtekstyl, servys, fluezen, kessens, himmelreau en kadoartikels. It oanbod kin alle tongersdeis ferskille.
11-Stegetocht troch histoarysk sintrum
In besite oan de Boeremerk is moai te kombinearjen mei in koarte kuiertocht troch it wettersportdoarp. Dan ûntdekt men de smelle strjitsjes, de ytgelegenheiden, aardige winkeltsjes, de mûnen en de tsjerken. In oanrieder is de 11-Stegetocht, in kuiertocht fan 2,5 kilometer troch it âldste part fan it doarp; mei smelle stegen gloppen. In folder is op ’e merk en yn it doarp te krijen. De 11-Stegetocht is in moaie aktiviteit foar jong en âld. Neist in wiidweidige folder is it mooglik om by de tocht ynformaasje en filmkes op ’e mobile telefoan te sjen troch middel fan QR-koades.
Fergees oanlizze
Oerdeis kin fergees yn de nije passantehaven oanlein wurde. De Boeremerk en it sintrum binne dêrtroch foar wettersporters op rinôfstân goed te berikken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje