Ekstra kaarten beskikber foar foarstelling ‘Skaad’

july 24, 2021 08:36 Fernijd

De lokaasjefoarstelling Skaad fan Pier21 mei op 27 augustus 2021 dan einliks yn premjêre. De foarstelling, ynspirearre op it libben fan fersetsman Gerard Reeskamp, waard yn 2020 útsteld troch de koroanamaatregels. Mar no mei de ploech wer los en binne der noch wat kaarten beskikber. Sjoch dêrfoar op pier21.nl.

Byld: Okkinga Communicatie

Skaad spilet fan ein augustus o/m 3 oktober 2021 yn it bûthûs fan de famylje Hoekstra, op kemping Pasveer yn Loaïngea. “De skuorre is ynrjochte as in sfearfol teater, dêr’t it publyk fan in moaie foarstelling genietsje kin”, fertelt David Lelieveld fan Pier21. Troch de koroanamaatregels is der in beheinde kapasiteit en wurdt de foarstelling twa kear deis opfierd. Nettsjinsteande dat de foarstelling op oardel meter publisearre is, binne der noch kaarten te besetten.

De foarstelling Skaad is basearre op it libbensferhaal fan fersetsman Reeskamp út it Goai, dy’t yn de oarlochsjierren by de knokploech fan Skearnegoutum in protte spektakulêre en moedige aksjes ûndernimt. Fuort nei de oarloch wurdt er dêrfoar eare en priizge, mar letter ûntstiet der twivel oer syn driuwfearen. En dan giet it mis en stoart alles yn. Ferkearde karren, tafal en needlot, Friezen dy’t de hannen fan de bûtensteander ôflûke. Fan syn hege fuotstik ôf makket er in djippe fal.

Yn ’e foarstelling spylje Paul R. Kooij, Dette Glashouwer, Pleun de Roode en Eelco Venema ûnder rezjy fan Danielle Wagenaar. Skaad is skreaun troch Marijke Schermer.

july 24, 2021 08:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.