Eaststellingwerf MKB-freonlikste gemeente fan Fryslân

july 23, 2021 08:40

De gemeente Eaststellingwerf is ferkeazen ta MKB-freonlikste gemeente fan Fryslân. MKB Nederlân makke freed de útslach fan de lanlike ferkiezing bekend. Eaststellingwerf einige op plak 19, dêrmei as heechste fan alle Fryske gemeenten en nei de stêd Grins de nûmer twa fan Noard-Nederlân.

Wethâlder Marcel Bos yn it sintrum fan Easterwâlde (foto: Gemeente Eaststellingwerf)

MKB Nederlân organisearret eltse twa jier de ferkiezing MKB-freonlikste gemeente. Undernimmers yn it midden- en lytsbedriuw wurdearje oan ’e hân fan fragelisten harren gemeente. De ferkiezing gie oer 2020 en befette diskear ekstra fragen oer hoe’t de gemeente omgie mei de effekten fan koroana ûnder syn ûndernimmers.

Wethâlder Marcel Bos fan de gemeente Eaststellingwerf is tige grutsk op de wurdearring. “Yn in jier dat koroana in grutte rol spile, dy wurdearring krije fan it MKB makket my tige bliid. Wy hawwe der as organisaasje hurd foar wurke, yn gearwurking mei de ûndernimmers.”

Gemeente Eaststellingwerf wurket ûnder oare yn it programma ‘In prachtich en krêftich winkelgebiet Easterwâlde’ nau mei ûndernimmers en fêstgoedeigners gear om it winkelgebiet yn Easterwâlde te ûntwikkeljen ta in sterke regionale keapfoarsjenning. Der binne in protte frije bedriuwslokaasjes ynfolle en yn Haulerwyk en Appelskea binne moaie ûntwikkelingen te sjen. It mei bliken dwaan dat de regio yn Noard-Nederlân goed yn byld is en trochgroeit.

Yn de koroanakrisis hat de gemeente syn ûndernimmers mei ried en died bystien, is in klankboerdgroep oprjochte foar frekwint oerlis, mar is foaral in protte omtinken bestege oan ynformaasje en kommunikaasje.

MKB Nederlân publisearret de top 100 fan alle gemeenten dy’t oan de ferkiezing meidiene. Mei in 19e posysje is gemeente Eaststellingwerf net allinnich as heechste einige yn Fryslân, mar ek fan alle lytse gemeenten yn Noard-Nederlân.

july 23, 2021 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.