Dútslân hat gjin belang by de Lelyline

july 1, 2021 14:06
Farianten Lelylline

Op Lelylijn.nl stiet dat Noard-Dútske stêden in grut ferlet hawwe fan in flugge treinferbining mei Grins, de saneamde ‘Wunderline’. Dat is sels in wichtich argumint op dat webstee om te pleitsjen foar de spoarferbining fan de Rânestêd fia it Hearrenfean mei Grins. Allinne hat Dútslân dêr hielendal gjin ferlet fan. Dat skriuwt Omrop Fryslân op basis fan in petear mei de Dútske steatssekretaris fan ferkear Enak Ferlemann.

Ferlemann seit dat Dútslân folle súdliker in flugge ferbining mei Nederlân wol, fia Hengelo. Hy seit: “Wy hawwe it trasee ûndersocht. Us konklúzje is dat der te min passazjiers binne om hjir in flugge trein rendabel ride te litten. Grins-Oldenburg is allinnich geskikt foar in regionale spoarferbining. Dy kinne je wol wat útbouwe en ferlingje oant Bremen, mar mear sit der net yn.” Neffens him wol Dútslân tusken Grins en Oldenburch allinne in stoptrein.

Neffens Omrop Fryslân is dat stânpunt yn Nederlân net ûnbekend. Ferlemann soe it der geregeld mei syn Nederlânske kollega Stientje van Veldhoven en de NS oer hân hawwe en hja wiene it neffens de Omrop ek iens.

Lês der hjir mear oer by Omrop Fryslân.

july 1, 2021 14:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Herman van Vliet july 2, 06:19

    Hoe sa ûndersyk? Hja hawwe my net frege.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.