Dûanemeiwurkers yn de hiele EU kinne koroanareissertifikaat útlêze

july 1, 2021 08:44

Europeeske fakânsjegongers kinne der fan hjoed ôf fan útgean dat de dûane-amtners oan de grins it koroanareissertifikaat útlêze kinne. Mei dat sertifikaat kinne reizgers oantoane dat se folslein faksinearre binne, negatyf test of beskerme troch in eardere besmetting.

Foto: pixabay.com

Yn de measte lannen koe it sertifikaat al útlêzen wurde, Nederlân slút hjoed ek oan. Ierlân is it iennige lân dat noch net klear is om mei te dwaan. De lansearring hat dêr fertraging oprûn troch in cyberoanfal.

Nederlanners kinne it sertifikaat sûnt ôfrûne wike oanmeitsje yn de CoronaCheck-app. Fan hjoed ôf kin yn dy app ek it bewiis laden wurden dêr’t mei oantoand wurde kin dat de drager it ôfrûne jier fan de goarre genêzen is. Mei it sertifikaat krije boargers fan de EU tagong ta lannen yn de Europeeske Uny, sûnder dat se yn karantêne moatte.

Húsdokters en soarchynstellingen kinne fan hjoed ôf in faksinaasjebewiis regelje foar minsken fan wa’t de prip net yn it sintrale register fan it RIVM stiet. Dêrmei kin de faksinearre persoan in grien finkje yn de CoronaCheck-app krije.

july 1, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.