Doocht it wol yn de gemeenterie fan Dantumadiel?

july 31, 2021 13:36

Doocht it wol yn ‘e gemeenterie fan Dantumadiel? Op dy fraach moatte de ûndersikers fan it BING (Bureau Integriteit Nederlandse Gemeenten) fan ‘t hjerst in antwurd fine. Hja sille har dan op fersyk fan boargemaster Klaas Agricola bûge oer it hâlden en dragen fan minsken dy’t behelle binne by it terrein De Woudhof yn Damwâld.

Romke Postma is de ûndernimmer dy’t dêr hûzen bouwe woe. Postma is tagelyk lid fan ‘e gemeenterie foar de partij Gemeentebelangen. Om’t er direkt belang hat by de saak, soe er him ôfsidich hâlde yn ‘e stimmerij, mar dat hat er net dien. Der is ek ûndúdlikens oer de fraach oft de omwenners de nijbou stipen of net, en oer de fraach oft Postma harren stânpunt goed oan de gemeente oerbrocht hat. It BING sil dat allegear ûndersykje.

july 31, 2021 13:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.