Dizze trije minsken wize aanst de nije dichter fan Fryslân oan

july 7, 2021 16:19

Wa wurdt de opfolger fan Eeltsje Hettinga en Nyk de Vries as dichter fan Fryslân? De dichter fan Fryslân is ambassadeur fan de Fryske poëzij en skriuwt Frysktalige gedichten oer saken dy’t de Friezen dwaande hâlde. Hy of sy wurdt oansteld troch de provinsje Fryslân.

Deputearre Steaten hat in kommisje fan trije minsken ynsteld dy’t útmeitsje sil wa’t de nije dichter fan Fryslân wurdt. De trije leden binne Cilla Geurtsen, Annemarie Lindeboom en Tsead Bruinja. Dy lêste wie yn 2019-2020 de Nederlânske heitelânsdichter.

De provinsje hat ek in kommisje gearstald dy’t de winner oanwize sil fan de Joast Halbertsmapriis. Dy is ornearre foar de wittenskipper dy’t de nijsgjirrichste stikken oer Fryske taal, kultuer of skiednis skreaun hat. Yn dy kommisje sitte Caspar van den Berg, Nelleke IJssennagger en Arjen Dykstra.

july 7, 2021 16:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe july 8, 16:36

    De redaksje fan de Feartfisk set syn (bytsje) jild op Albertina Soepboer! Gean mar nei: kollega-dosint fan kommisjelid 1, frou lykas kommisjeleden 1 en 2 (en is it nei twa manlju as DfF net heech tiid foar in frou?) en eks fan kommisjelid 3. Boppedat twatalich dichter Frysk-Nederlânsk. Aardich dat de útkomst (alwer) yn it provinsjale oanwizen fan kommisjes besletten leit.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.