Diken splis yn Limburch nei protte reinwetter
Resint ferskynd
Ferskate plakken yn Súd-Limburch hawwe troch in protte reinwetter te krijen mei wetteroerlêst. It KNMI ferwachtet oant tongersdeitejûn in protte rein yn de provinsje Limburch en hat dêr koade oranje foar ôfkundige.
Troch it reinwetter stiet de A79 by Heerlen splis. It ferkear yn de rjochting fan Heerlen wurdt omlaat fan knooppunt Kruisdonk op de A2 fia de A76. Op de A79 binne der fan Voerendaal ôf omliedingen. “It wetter begjint stadichoan fuort te rinnen, mar de dyk bliuwt noch wol even ticht”, lit Rykswettersteat witte.
De plysje freget autobestjoerders om de sneldyk te mijen. “Folgje de oanwizigingen en wês net te eigenwiis, dat kin jo djoer komme te stean”, warskôget de plysje op Twitter.
Yn Heerlen binne troch de brânwacht trije minsken út in histoaryske pleats rêden. It gebou dat ûnderoan in heuvel stiet, kaam oardel meter ûnder wetter te stean. Twa bewenners moasten swimmend it gebou út komme. In tredde persoan rekke ûnderkuolle.
Grutte parten fan Limburch moatte de kommende dagen ek rekken hâlde mei flinke wetteroerlêst. It KNMI ferwachtet oant en mei tongersdei in protte reinwetter yn it suden fan Limburch. Der kin deis mear as 75 milimeter rein falle. Oant en mei tongersdei moat neffens de waartsjinst pleatslik rekken holden wurde mei mear as 150 milimeter delslach.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje