Deaden yn Dútslân en België troch oerstreamingen

july 15, 2021 09:32

Krekt as Limburch hat ek it westen fan Dútslân te kampen mei wettersneed troch in protte reinwetter yn de ôfrûne dagen. Yn parten fan Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts en Saarlân is de skea grut.

Foto: morguefile.com

Yn de gemeente Ahrweiler yn de Eifel binne yn elts gefal fjouwer minsken om it libben kommen, berjochtet de plysje yn Koblenz. Yn it doarp Schuld yn de gemeente Adenau binne troch it hege wetter seis huzen ynstoart. De plysje berjochtet dat der yn elts gefal tritich minsken mist wurde, mar ek dat de situaasje noch tige ûnoersichtlik is. 25 huzen steane op ynstoarten. Ferskate doarpen yn de streek binne troch it hege wetter fan de bûtenwrâld ôfsletten. Sa’n fyftich minsken sitte op it dak fan harren hûs en moatte rêden wurde.

By de wetteroerlêst yn Dútslân binne woansdei twa brânwachtminsken fan 46 en 52 om it libben kommen. Ien waard meinommen troch de kolkjende rivier en is ferdronken en de oare is by in ynset yninoar sakke.

Yn Wuppertal gie it loftalaarm ôf en waarden minsken oproppen om harren hûs te ferlitten of nei in hegere ferdjipping te gean. Der soe mooglik in floedweach ûntstean, mar dy is úteinlik net kommen. Dochs is it gefaar noch net oer, want in opslachmar sit oerfol. Yn Hückeswagen, sa’n tweintich kilometer fan Wuppertal, moatte mear as tûzen minsken harren hûs út, om’t de opslachmar by it doarp oerstreamt.

Yn it easten fan België binne de problemen ek grut. Yn Eupen is in tweintiger ferdronken, nei’t er mei in swimbân yn it streamende wetter sprongen wie. Yn de provinsje Lúksemburch wurdt noch in 15-jierrich famke mist dat juster yn de Ourthe foel.

july 15, 2021 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.