De TSIEN WURDEN yn ús tiid
Resint ferskynd
Oertinking
Under de ynspiraasje fan de Pinkstergeast falt grif ek it tapassen fan de Tsien Wurden op ús tiid.
Yn de foarbye fjirtich jier haw ik geregeldwei dwaande west mei in oersetting fan de Tsien Wurden. Dêrby woe ik de essinsje dy’t dy wurden doe hiene, oersette nei ús tiid. It resultaat fan myn wrakseling mei de tekst fine jim hjir:
Ik, de Hear (JAHWÈH), dyn God, wol datsto yn FRIJHEID libbest.
Ast my dêrby helpe wolst, tel dan op dyn fingers nei:
- Wiis My net ôf troch immen of wat oars te oanbidden.
- Lis My noait fêst yn in selsmakke byld.
- Brûk My net as dekmantel foar ûnrjocht,
wês yn myn namme in segen en net in flok. - Fier ien dei yn ’e wike datst in frij minske bist;
kom ta rêst en betink hoe’t ûnderdrukking op te lossen en foar te kommen is. - Jou minsken op jierren har rjocht op soarch en noed.
- Gean net oer liken.
- Haw respekt foar al besteande relaasjes.
- Nim it sa nau mooglik mei dines en mines.
- Stean yn foar suvere rjochtspraak
en lit it oeral en altyd earlik om en ta gean. - Aazje net op wat in oar hat; haw leaver wat foar in oar oer.
Lêze: Psalm 119:1-8
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje