De lykdoar

july 17, 2021 08:00

Folksferhaal

Yn ’e foarein fan âlde pleatsen waard foarhinne in doar set, dy’t allinnich iepen kaam by trouwen en ferstjerren. As der in jonge frou, in breid, op ’e pleats kaam, dan waard se troch dy doar ynlitten. Dêrnei kaam er noait wer fan ’t slot, behalve maitiids mei it húshimmeljen. Oars wie it gefaarlik om him iepen te dwaan – die men it al, dan hie men kâns dat der meikoarten in stjergefal yn ’e hûs kaam. Ferstoar der immen op ’e pleats, dan waard it lyk troch dy doar útdroegen. Dêrom hiet er lykdoar.

Doe wenne der hjir of dêr in boerinne op in pleats mei sa’n lykdoar. Wêr’t it krekt wie, wit ik net. Terherne of de Lege Wâlden of dêr by om. Immen út Goaiïngaryp hat it my ferteld en it kin ek wol yn Goaiïngaryp sels west ha. Op in nacht dreamde dy boerinne, en yn ’e dream seach se dat de lykdoar iepen kaam en dat dêr in kiste troch útdroegen waard. Oft it no in man of in frommes wie dy’t útdroegen waard, dat hie se net sjoen, mar wol dat it in folwoeksen persoan wie, want it wie in grutte kiste.

De boerinne koe dy dream net by har wei krije en de oare moarns fertelde se him oan dizze en jinge. Doe seine guon: “Dat is foartsjirmerij of sokssawat. Jim kinne der mar op rekkenje dat jimme in stjergefal krije.” De boer wie in man fan oanpakken. Hy sei: “Dat giet net troch!” en hy liet fuortdaliks de lykdoar derút brekke en der in nij stik muorre yn mitselje.

Der ferrûnen in mennich jierren oer, doe moast de boer fan ’e pleats en der kaam in nije eigener op te wenjen. Fan de âlde boerinne har dream wist er net ôf. Hy mocht dat stik bline muorre en dat ferbrutsen metselwurk net lije, dat hy liet der in nije lykdoar yn sette. Dat kaam kreas yn oarder. Men koe net iens sjen dat dy doar derút west hie.

En wat wol no it gefal? De jonge boerinne moat yn ’e kream, en stjert dy net yn it kreambêd! Doe seine se dêr yn it doarp: “Dy doar hie der noait wer yn moatten!” En doe kaam it ferhaal fan dy dream wer op ’e lappen.

Ype Poortinga

Dit ferhaal is, mei skriftlike tastimming fan de erfgenamten fan de skriuwer, oernommen út Ype Poortinga, De held en de draek, folksferhalen fan Roel Piters de Jong. Dat mânske boek waard – ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy (nr. 537) – yn 1978 útjûn troch Bosch & Keuning nv, Baarn en De Tille bv, Ljouwert. It is it tredde diel fan de rige Fryske Folksferhalen dêr’t de skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) ferhalen yn neifertelde dy’t er ‘yn it fjild’ opfongen hie.
Ien fan syn fertellers wie Roel Piters de Jong, berne yn 1905 te Ousternijegea, in man mei in ôfgryslik goed ûnthâld, dêr’t Poortinga 154 ferhalen fan yn De held en de draek opskreaun hat.

 

 

july 17, 2021 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.