De Broeikas 2021 makket earste helte programma bekend
Resint ferskynd
Op sneon 11 septimber organisearret keunstkollektyf SELF. collective de tredde edysje fan De Broeikas yn de Westertsjerke yn Ljouwert. It multydissiplinêre keunstfestival is fergees tagonklik en stelt jonge makkers út it noarden sintraal. De Broeikas lit sjen wat der broeit ûnder nije lichting keunstners, muzikanten, teatermakkers, skriuwers en artysten fan it sprutsen wurd. De festivalorganisaasje hat no de earste helte fan de optredende makkers út trije dissiplines bekendmakke.
Muzyk
The Homesick
Grutte fernijer yn it post-punksjenre én de earste Nederlânske band dy’t by it legendaryske indielabel Sub Pop tekenje mocht.
Johnny loves me
Jonge, ûnthjittende rapper en sjonger dy’t him net weromkent yn in wrâld fan koarte suksessen en fluch jild.
Teater
NOAHspeelt – Als je stopt met zoeken
Foarstelling oer de tiranny fan perfeksje, dy’t eins net bestiet.
MIST – Het is streng verboden rijwielen in de steeg te plaatsen tijdens de voorstelling
Ofstudearfoarstelling fan D’Drive teater. Fjouwer talintfolle teatermakkers yn ’e dop makken in koarte absurde foarstellingen fol ferrassingen.
Byldzjend
Lily Dollner en Michiel Teeuw – I sat above and below the ground, reprise
Performative ynstallaasje ynspirearre troch ritueel, ferfrjemding en symbolisme.
LIMBUS – LIMBO (artist in residence)
Koarte film fan it nije media keunstkollektyf LIMBUS.
Mear ynformaasje oer de makkers ferskynt yn de kommende wiken op de Facebook– en Instagramsiden fan De Broeikas. De twadde helte fan it programma wurdt heal augustus buorkundich makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje