De ANWB en de PCR-test

july 10, 2021 11:30

Ynstjoerd

Nei in tal kearen útstel fan ús fakânsje nei Portugal fanwegen koade oranje, soe it heve: Portugal hie op dat stuit koade giel, en dus koe ús fakânsje nei dat lân yn prinsipe trochgean. Lykwols, nettsjinsteande twa ynintingen en it byhearrende sertifikaat, die bliken dat noch altiten in PCR-test nedich wie om tagong ta it lân te krijen. Dat moast barre by in kommersjeel bedriuw mei navenant hege kosten fan sa’n 90 euro foar eltse test, dus 180 euro foar de frou en my.

It wie dan ek in stikje bûter yn ’e brij dat de ANWB mei in oanbod kaam om dy test yn in dei te dwaan foar 50 euro foar leden plus partner, dus 100 euro foar ús tegearre. Mei tank oan de ANWB koene we dus 80 euro besparje. Lykwols: dy test koe yn alle provinsjes dien wurde, útsein yn Seelân en Fryslân. De lokaasje it tichtstby wie yn ús gefal de stêd Grins. Ik haw besocht om dêr by de ANWB yn Ljouwert in klacht oer yn te tsjinjen, mar dy koe der neat oan dwaan. Sa beseffe wy wer ris dat Friezen en Siuwen yn it Nederlânske steatsferbân op it janpoepsplak sitte.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

july 10, 2021 11:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.