CityProms fiert tsienjierrich jubileum mei hûnderten Friezen

july 30, 2021 08:30

It Ljouwerter CityProms Festival is dit jier fan 2 oant en mei 10 oktober. Gewoanwei duorret it fergees tagonklike evenemint trije of fjouwer dagen, mar om’t it de tsiende edysje is, bestrykt it festival in goed wike. En Fryslân docht manmachtich mei: hûnderten musisy komme út de provinsje.

Foto: CityProms/Ruben van Vliet

Dêrnjonken jouwe nasjonaal en ynternasjonaal bekroande selskippen – yn totaal sa’n njoggenhûndert musisy – acte de présence. It is in miks fan profesjonele en amateurmusisy. Fêste gast is it Noard-Nederlânsk orkest dat it freedtejûnskonsert foar syn rekken nimt. Fierder trede Jazz Orchestra of the Concertgebouw (mei sjonger Humprey Campbell), Marinierskapel en it koar PA’dam (Mozarts Requiem) op. Yn it Paleis fan Justysje musisearret it ferneamde duo Izhar Elias (gitaar) en Channa Malkin (sopraan). CityProms profilearret him mei in sterk beset berneprogramma. Eksponint dêrfan it de foarstelling Circus Charms, mei de bruorren Frank en René Groothof dy’t allinne goede kritiken krije.

CityProms is in fergees muzykfestival mei poadia op binnen- en bûtenlokaasjes, mei in fokus op klassike muzyk. It haadpoadium stiet yn it hert fan de Ljouwerter binnenstêd, op it Wilhelminaplein deun foar it Frysk Museum.

It festival lûkt graach op mei minsken foar wa’t (klassike) muzyk meastal net berikber is. Der is in konsert fan de dak- en thúsleazemuzikanten, nijkommers wurkje mei foar en efter de skermen – bygelykas as ûnderdiel fan de mediaploech – en jierliks is in muzikale foarstelling te sjen fan minsken mei en sûnder in beheining. Hbo-studinten fiere mei it festival 75(+1) jier frijheid mei in dûnsjûn op muzyk fan Dutch Swing Collegeband. Festivaldirekteur Margot Hoiting: “Us nije biedwurd wurdt move to the music. En dat jildt foar eltsenien, foar elts minske. CityProms kiest foar in mienskip dy’t op basis fan lykweardigens funksjonearret.”

In part fan it programma is betocht troch gastprogrammeur en komponist Johan de Meij. Yn it slotwykein presintearje NPO4-radiomakker Ab Nieuwdorp en Willem de Vries fan Omrop Fryslân ôfwikseljend op it haadpoadium. Programma- en eventuele koroana-bywurkingen stean op cityproms.nl.

july 30, 2021 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.