Bring mei jo foto in hulde oan de Fryske hoarizon
Resint ferskynd
Yn 2021 bringt Fryslân in oade oan syn bysûndere lânskip. As ûnderdiel fan it temajier sette dichter des Vaderlands Tsead Bruinja en keunstneresse Claudy Jongstra fan ’t simmer harren eigen ekspertize yn om it Fryske lânskip yn de skynwerpers te setten. Njonken dy twa keunstners wurdt elkenien oproppen om mei te wurkjen oan in keunstwurk dêr’t men as mienskip in Hulde oan de Hoarizon mei bringt.
Keunstners en it Fryske lânskip
Visit Friesland nûge de twa keunstners út om in oade oan it lânskip te bringen. Sa skreau Tsead Bruinja it gedicht ‘Grastronaut’ fol oantinkens oan syn jeugd op it Fryske plattelân. Claudy Jongstra is in keunstneresse dy’t ticht by de natuer stiet en tige op duorsumens is. Dêrneist is sy foar Fryslân de ambassadeur fan de lanlike Oade oan it lânskip-kampanje fan it NBTC.
Mienskip foar it Fryske lânskip
It lêste keunstwurk dêr’t in lofsang mei oan it Fryske lânskip brocht wurdt, ûntstiet út de mienskip wei. “2020 wie in jier fan doarren ticht. It jier dat we ús allinnich oplade koene oan de bûtenlucht en it lânskip. It brocht ús ta it besef hoe wichtich oft dat lânskip is en hoe noflik dat we derfan genietsje mochten. Dêrom roppe wy jo no op om mei alle oare natuergenieters in oade oan it lânskip te bringen. In steande ovaasje oan ús natuer. In hulde oan de hoarizon”, siet Bouke Kors fan Visit Friesland.
Diel jo moaiste kime-foto dy’t jo yn de ôfrûne tolve moannen makke fia www.huldeaandehorizon.nl. Visit Friesland bringt alle foto’s byinoar en makket de langste, kleurrykste en meast ferskate hoarizon dy’t de ferbylding te boppe giet.
Temajier Oade oan it lânskip – 2021
Nearne op ’e wrâld lit it lânskip op koarte ôfstân sa’n ferskaat sjen as yn Nederlân. Mar dat lânskip fertelt hieltyd itselde ferhaal: de iuwenâlde ferbining tusken minske en natuer. Krekt sa lang foarmet it Nederlânske lânskip in ynspiraasjeboarne foar skilders, skriuwers en keunstners. It lânskip hâldt ús ek in spegel foar: dêr’t yn it ferline foar keazen waard hat ynfloed op de takomst. Wy sille ús fernimstigens hurd nedich hawwe om it lânskip leefber en fruchtber te hâlden. Yn 2021 bringe sân partners dêrom in oade oan it Nederlânske lânskip.
Mear ynformaasje oer it temajier Oade oan it lânskip fan it NBTC is te finen op www.holland.com/odeaanhetlandschap en oer hoe’t Fryslân yn 2021 noch mear in oade oan syn lânskip bringt op www.friesland.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje