Brede autodyk en tunnel by Stonehenge moatte efkes wachtsje

july 31, 2021 13:59
Foto: morguefile.com

Der komt takom jier noch gjin brede autodyk by de prehistoaryske stienrûnte yn it Ingelske Stonehenge. In plende tunnel moat ek efkes wachtsje. De rjochter hat oardiele dat de plannen net goed trochtocht binne en dat it Britske regear se better ûnderbouwe moat.

De dyk dy’t no op in pear hûndert meter fan de stiennen delrint, kin it ferkear net mear oan. De oerheid woe him dêrom ferbreedzje. De oanpassing soe yn 2023 begjinne. De dyk soe foar in part ûnder de grûn trochgean.

De stiennen fan Stonehenge, dêr’t de funksje nea fan opheldere is, lûke in protte toeristen en se hawwe sûnt 1986 de wrâlderfgoedstatus fan de Unesco. Dy organisaasje wol de stienrûnte lykwols fan de list skrasse as de plannen trochgeane.

Neffens de rjochter moat de oerheid dúdlik meitsje wêrom’t de maatregels nedich binne en wat se foar ynfloed hawwe op it lânskip.

july 31, 2021 13:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.