Bouwe de Boer: Skaadkosten

july 17, 2021 07:06

Kollum

Hieltyd mear minsken wolle in hûs dat boud is fan lokale materialen. Tige lang lyn barde soks fanselssprekkend. Der wie gjin oare kar. Tsjintwurdich kinne we wol kieze. No kin it wêze dat de bakstiennen út Japan komme, de dakpannen út Sina en it glês út België. De grûnstoffen om dat glas te meitsjen komme miskien út Súd-Amearika. Wa sil it sizze?

Mei koroana is in trend ûntstien om mear lokaal te meitsjen en te brûken. Wetlik wurdt dat, yn de MPG (Miljeu Prestaasje Gebouwen), langer ek oanmoedige. Yn de boufergunning moat oantoand wurde dat de materialen doge. ‘Skaadkosten’ meitsje dan de skoare fan it materiaal út. Wat leger de skaadkosten, wat better it materiaal foar útstjit, opnij brûken en sa.

Himp as Frysolaasje

Himp (foto: pixabay.com)

Yn de ôfrûne tiid wie ik troch de Freonen fan FossylFrij Fryslân en Sirkulêr Fryslân ûnderdiel fan de gefolgen fan dy ûntwikkeling: it lokaal produsearjen fan produkten yn de bou dy’t lokaal ek tapast wurde. It gie oer himp (hennep) as isolaasjemateriaal yn stee fan bygelyks glêswol of stienwol. Dy himp hat neat te meitsjen mei wyt, mar alles mei in handige, brûkbere plant. Bouboeren yn Fryslân kinne maklik himp kweke. It groeit maklik, fereasket gjin bestridingsmiddel en de boaiem wurdt der riker fan.

Nei it rispjen kin de himp omset wurde yn isolaasjetekkens foar de bou. De isolaasjewearde is goed, brân wurdt dertroch tsjinholden, it prikelet net en it belangrykste: himpisolaasje leit CO2 fêst. Soks yn tsjinstelling ta glêswol en stienwol, dy’t krekt in protte enerzjy freegje.

Jild
Troch himp te brûken wurdt dus CO2 fêstlein. Dy wurdt troch de plant opnommen mei as enerzjyboarne: de sinne. It hûs brûkt dus minder enerzjy én yn it materiaal wurdt CO2 fêstlein.
No’t it omskeakeljen nei duorsume enerzjy net fluch genôch giet, wurdt it fêstlizzen fan CO2 hieltyd belangriker en dat is ek jild wurdich. It tapassen fan hout of himp of flaaks en ek tuorrebout, leveret jild op, omdat der CO2-sertifikaten oan keppele wurde en… der ûntstiet nije wurkgelegenheid. As der alle jierren fiifhûndert wenningen mei himpisolaasje boud wurde, dan leveret dat tusken de tweintich en tritich nije banen op. Dochs handich dat troch de skaadkosten sokke produkten yn it sintsje set wurde!

Dit is nûmer 53 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
july 17, 2021 07:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.