Boekeskuorre

july 31, 2021 12:38

Tip foar sneupers en lêzers

Foto © MV

Nei’t ferskillende boekhannels yn ús provinsje de doar sletten hawwe, sil it oanbod fan twaddehâns of sels noch âldere boeken hieltyd beheinder wurde. Yn 2019 gie de Boekensteun yn Langwar ticht en in jier letter it Antquariaat Friesland yn Ljouwert en aanst Het Vergeet-Mij-Nietje yn Feanwâlden. Dat binne wat foarbylden út de lêste tiid. Sil de hannel yn twaddehâns boeken tenei fia it ynternet gean of op de rommelmerk?

Nei dy nuodlike wurden wol ik de lêzer dy’t om boeken siket dy’t yn de gewoane boekhannel net mear te krijen binne, attint meitsje op net allinnich de ferskate boekekaskes benammen yn de doarpen, mar ek lykas yn Heech, op twa bysûndere foarmen fan ferkeap.

Yn it foarste plak de Boekeskuorre fan de famylje Bakker, dêr healwei de Nijedyk, mei hûnderten boeken, sawol Fryske, Hollânske as Ingelske.

Alles giet der, sa’t wizânsje is yn ús provinsje, op basis fan fertrouwen. Men komt, sjocht en lichtwol nimt men in boek mei en betellet ien euro, dy’t bestimd is foar in goed doel. Tsjintwurdich kin it ek mei in tikky of de QR-koade.

Net allinnich komme dêr minsken út Heech en omkriten, mar ek passanten. It is fansels in echt wetterrekreaasjegebiet en der binne simmerdeis in soad toeristen, dy’t ek de wei fine nei Floortjes boekhannel, dy’t mear yn it sintrum fan Heech sels leit en wol op de Bûterhoeke 32. Hast deselde formule.

It moaie is ek dat men yn alle rêst sneupe kin en ûnderdompele wurdt yn de nijsgjirrige wrâld fan boeken.

Matthijs Verkuijl

Foto © MV

july 31, 2021 12:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.