Bistefreonen

july 3, 2021 07:00

Ferhaal

“Moatst even troch it keukensrút loere”, sei Meta tsjin Auke, doe’t dy fan ’t wurk thúskaam.
Auke luts de sinneblinen wat omheech. “Blinder, wat moatte we no wer meimeitsje, eh jonge ja, dat kin der ek noch wol by.” Wrimpen luts Auke de blinen wer nei ûnderen.
“Do moatst der daliks hinne gean te praten en sizze dat by ús de maat fol is”, twong Meta oan.
“Ïk sil my earst even dûse en ferstrûpe en dan sil ik op safary”, wie syn reaksje en Meta koe oan ’e toan wol hearre dat er de smoar yn hie.

Sûnt in jier as seis wenne de familie Van Welzen neist harren, op it âld pleatske fan Einte en Sjoukje. Mei in protte kabaal wiene se hjir delstrutsen út it Westen wei. It hiele spul soe delhelle wurde en se soene in hagelnij wenhûs derfoar yn ’t plak sette. Mar nei seis jier is der noch neat bard en it spultsje stiet der noch krekt sa boufallich en fersutere by as doe’t Sjoukje derút ferstoar. Yn ’t earstoan hie der neat te rêden west. Sa no en dan ris byinoar op ’e kofje en ris in jierdei meifiere, mar fierder gie elts syn gong. De twa katten dy’t by de van Welzens op it hiem omswurven, wiene net ien ta lêst. Sa no en dan ris moasten Meta as Auke de bisten wolris út ’e tún wei jeie, mar fan oerlêst wie perfoarst gjin sprake.

Mar wiene yn ’t begjin de lêsten fan de katten noch te oersjen, de lusten fan de beide bistjes feroarsaken mear rebûlje. Twa jier letter rûn der, rûchwei teld, wol in selskip fan fyftjin katten op de gerjochtichheid fan de buorlju om. En net allinne op harres, mar ek allegeduerigen op dy fan Meta en Auke. En it bleau net by wat kattestront yn ’e tún of op it paad, mar nachts holden se harren ek withoefaak út ’e sliep. En maitiids striek der op in fêste tiid in koloanje eksters yn ’e beammen achter harren huzen del. As dan de sinne opkaam, krigen dy bisten de ridel katten yn ’t fizier en bruts der moarns betiid, soms wol om in oere as fjouwer, fiif, in heidensk kabaal los.

Dat no by in breinroere Auke alle stoppen trochsloegen kaam troch it tafriel dat Auke oanskôge hie doe’t er troch it keukensrút kipe. In pear eptige pauwen stapten eigenwiis achter in pear stekken om dy’t de buorlju dêr yn sân hasten oplutsen hiene. Auke wist dat je by pauwen net liplêze hoege te kinnen om te witten te kommen wat se wolle, mar dat in pauw yn Gaasterlân fierderop yn Wâldsein te hearren is.

Tsien minuten letter wie er werom. “En?”, frege Meta, sûnder in sprankje hoop op resultaat.
“We moasten der mar oan wenne dat sy grutte bistefreonen wiene en dat wy dy bisten ek in plakje op dizze wrâld gunne moasten.
“Wat hast sein?”, frege Meta striidfeardich.
“Dat wy likegoed bistefreonen wiene, mar it beheinden ta in mol yn ’e tún en twa goudfiskjes yn in kom op ’e  keukenskast.”

De dagen derop murk Meta wol oan Auke syn meneuvels dat er earne op siet te brieden. Dochs wol in bytsje bang dat er syn boekje te bûten gean soe, frege se gauris wat er fan plan wie. “Do hellest dy gjin swierrichheden op ’e lea wol?”

“Wachtsje mar ôf”, hie er grommele. Om’t Meta fakentiids earder op bêd gie as Auke hie dy de kâns om syn plan, dat er geandewei betocht hie, út te fieren.
Op in jûn, de hiele buert wie yn ’e rêst, stapte Auke yn it tsjuster de tún yn. Op sa’n fiif plakken groef er in stik pvc-buis yn ’e grûn, lege yn eltse buis in blikje sardyntsjes, duts se wat ôf mei ierappellôf en koalblêden en naam doe wer syn plak neist Meta yn.

De oare moarns, ier en betiid, slûpte Auke de skimerige tún yn. De earste twa buizen wiene leech. By de tredde oankommen koe er syn wille net op. Dúdlik wie oan it blazen en it skrabjen fan neilen te hearren dat yn elts gefal ien kat de ferlieding fan in lekker hapke net wjerstean kinnen hie. Auke lei in bakstien op de iepening en kontrolearre de lêste beide buizen. Ek yn ’e fyfde buis húsmanne in al te ynklauweriche kat. Ek dy buis waard ôfsletten mei in bakstien. Meta sliepte noch as in roas doe’t er foarsichtich wer neist har skode.

De buorlju waarden krekt alarmearre doe’t de ridel fan fyftjin katten dochs wol hiel hurd úttinne. Se hiene Meta alris hifke oft dy ek hjir en dêr in pear katten sinjalearre hie it, mar dy hie, mei de hân op it hert, net witten.
De buizen hawwe twa moanne lang tsjinst dien. It koste oan tolve katten it libben. It koste Auke seis blikjes sardyntsjes.

Hy sit noch te brieden oer in oplossing foar de pauwen. Sa earst mar.

Inne Bilker

july 3, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.