Binne Mosk: De griene kikkert is der noch

july 1, 2021 13:00

In 1903 begûn koekjefabryk Verkade mei plaatsjesalbums. Dêr waarden mearkes yn ferteld. De plaatsjes moast men sels ynplakke. Dy krige men by de koeke. It waard in grut sukses en dêrom naam it bedriuw it beslút om nije albums út te bringen, mar no oer de natuer en it lânskip fan Nederlân. It waard in gigantysk sukses. Tusken 1906 en 1940 kamen der tritich albums út. It tal ferkochte albums is omtrint 3,2 miljoen mei 30 miljoen plaatsjes. Dy plaatsjes wiene fergees.

Jierren lyn haw ik it album Paddenstoelen yn in twaddehânsk boekwinkel kocht. Dat wie yn de gûnetiid; ik haw der 2,50 foar betelle. It is in album út 1929. De lêste jierren haw ik hast alle albums byinoar skarrele. Myn lêste ‘oankeap’ wie Texel. Ik hie dy útjefte, mar dy lei sawat útinoar. Ik fûn in moai eksimplaar yn de loads fan Lichtpunt yn Kollumersweach, foar 3 euro, gjin jild.

Spitich, mar ik haw net alle orizjinele albums. Sa haw ik fan Friesland út 1918 in fotografyske werprintinge fan 1979. Dat wie yn gearwurking mei de provinsje en It Fryske Gea. De tekst is fan Jac. P. Thijsse. Ut it twadde part fan de nije ynlieding, dy is yn it Frysk: “Thijsse beseach Fryslân, dat doe noch net motorisearre wie, op ‘e fyts. Op net ien printsje stiet in auto ôfbylde.” en “Der is yn goed 60 jier folle feroare, mar noch altyd falt der yn Fryslân in bulte moais te belibjen.”

By it trochblêdzjen fan de albums, en dat doch ik út en troch om de plaatsjes te besjen, kin ik net ta in oare konklúzje komme as dat der sûnt de midden fan de foarige iuw in grouwéligen soad ferdwûn is. Myn âlden hiene in lyts boerespul. Sadwaande bin ik wiis mei myn De boerderij út 1936. By it besjen fan dat album sille de skoalbern fan no eins neat fertrouds fine. It boatsje mei de molkbussen, de fjouwer bargen dy’t dêr ’t zorgelooze viertal neamd wurde, de heaskodder, it gers meanen mei twa hynders, it is allegearre ferdwûn, lykas de fûgel op plaatsje 100 Grutto, side 12, mei de tekst ”Nu en dan klinkt de kreet van een weidevogel.” De griene kikkert is der noch.

july 1, 2021 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.