Bin ik besmet?

july 18, 2021 11:39

Ynstjoerd

De frou kaam thús mei in ‘happy stone’ – in plat stientsje mei in papieren blomkje derop en oan de efterkant in datum en noch wat. Aardige gedachte om hjir en dêr sa’n stien efter te litten as in soarte fan bemoediging yn dizze koroanatiid.

Spitich fan de Ingelske namme. Dy hie yn ús lân, bûten Fryslân, doch ‘geluksteen’ wêze kinnen en binnen de grinzen fan ús provinsje ‘gelokstien’. Ik preau it lêste wurd op ’e tonge, sei it lûdop en besocht it doe mei ‘happy stone’ op deselde wize.

Ik ha in yngeande wjeraksel fan it brûken fan it Ingelsk yn ús taal. Ik kom hast om yn al de wurden dy’t domwei oernommen wurde. Mar ditkear… Ik sei sêft foar my hinne nochris ‘happy stone’ en doe ‘gelokstien’. En oft ik dat no woe of net, mar ‘happy stone’ klonk better.

Mei skrik frege ik my ôf, oft ek ik besmet rekke wie mei de Ingelske sykte.
Spitich dat ik foar in antwurd net nei in testlokaasje kin.

Inger Wets

july 18, 2021 11:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.