Belgyske oarlochsfleanmasine knalt op gebou Ljouwerter fleanbasis

july 1, 2021 11:39

Op ‘e fleanbasis by Ljouwert is in Belgyske fleanmasine tsjin in gebou op botst. It giet om in oarlochsfleanmasine fan it type F16. It reau soe opstige, mar ried yn stee dêrfan it gebou yn. Dêr wie op dat stuit ien oan it wurk, dy’t ferwûne rekke is. De piloat hat himsels mei syn sjitstoel de masine út sketten en is dêrtroch ek ferwûne rekke.

It ûngemak barde tongersdeitemoarn om kertier oer njoggenen. Neffens omstanners hat de piloat mooglik te folle gas jûn en koe er dêrtroch it tastel net langer yn ‘e hân hâlde. De brânwacht wie der fuort by en dy koe foarkomme dat it tastel en it gebou yn ‘e brân fleagen.

Hjoed soe de fleanbasis Ljouwert de F16’s oerbringe nei Volkel yn Noard-Brabân. De loftmacht giet oer op tastellen fan it type F35. It feestlike ôfskie fan de âlde tastellen is ôfsein.

july 1, 2021 11:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.