Belgyske dokters ûntdekke twa firusfarianten by ferstoarne pasjint

july 11, 2021 09:48

Belgyske wittenskippers hawwe fan in ferstoarne koroanapasjint ûntdutsen dat se twa farianten fan de goarre tagelyk skipe hie. It giet om de alfa- en de bêtafariant.

Foto: pixabay.com

De frou fan njoggentich jier waard yn maart nei in pear kear fallen yn it sikehûs yn Aalst opnommen. Dêr teste se posityf op koroana. Har tastân waard gau minder en fiif dagen letter ferstoar se. Hja wie net faksinearre. Undersyk hat no útwiisd dat se twa ferskillende farianten ûnder de lea hie. Wittenskippers tochten al dat dat koe, mar dat senario wie noch net wittenskiplik beskreaun.

Undersykslieder Anne Vankeerberghen tinkt dat de frou de sykte troch twa ferskillende minsken skipe hat. It is neffens har lestich te sizzen oft de dûbele ynfeksje in rol spile hat by it rappe efterútgean fan de pasjint. Mear ûndersyk is dan ek nedich, seit se mei klam.

july 11, 2021 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.