Argewaasje oer hommelse nije koroanaferboaden

july 9, 2021 23:12
Minister fan folkssûnens Hugo de Jonge (foto: NOS)

Ferskate festivals dy’t foar dit wykein plend wiene, meie net trochgean. It Nederlânske regear hat nammentlik freedtejûn nije ferboaden útfeardige, sa hawwe minister fan folkssûnens Hugo de Jonge en minister-presidint Mark Rutte freed buorkundich makke. Grutte eveneminten meie net trochgean, disko’s moatte ticht en yn de kafees, restaurants en stadions moatte minsken wer sitte en oardel meter ôfstân ta harren evenminsken bewarje. Se moatte ek om middernacht ticht wêze.

De reden is dat it tal fêststelde besmettings mei it koroanafirus de ôfrûne wike tige hurd omheechgien is. Mei hast sântûzen besmettings hjoed is dat sifer yn goed in wike hast fjirtjin kear oer de kop gien. Hoewol’t der noch net in protte minsken mei de koroanasykte yn it sikehûs opnommen wurde moatte, is it regear al bang foar besmettings ûnder middelbere en âlde minsken.

It binne op it stuit benammen jonge minsken. Benammen studinten yn de grutte stêden soargje foar in soad besmettings. Hja hawwe de ôfrûne dagen wakker feestfierd. Foaral Grins en Amsterdam hawwe in soad jongelju dy’t koartlyn besmet rekke binne. Under it biedwurd ‘Dansen met Janssen’ hat it regear in kampanje opset foar jongelju, om har mei it Janssen-faksin intsje te litten. Dêr is mar ien prip fan nedich. It duorret lykwols in wike ear’t minsken ymmún binne. Sa lang hoegden de jongelju net te wachtsjen ear’t se wer út giene en dat diene in soad fan harren dan ek net.

Neffens it regear spilet it opkommen fan de Ingelske (ek wol ‘delta-‘)fariant fan it koroanafirus in grutte rol. It regear is benaud dat Nederlân op basis fan de stigende besmettingssifers skielk ‘koade read’ kriget. Dan jilde der wer allegear beheinings fan minsken dy’t Nederlân yn of út wolle.

Festivalorganisator ID&T fielt him troch de hommelse nije ferboaden yn ‘e sek naaid. It bedriuw hat ûnder oaren de festivals Defqon.1, Mysteryland, Awakenings, Sensation, Thunderdome, Welcome to the Future, Amsterdam Open Air en Milkshake op ‘e noed. It wol yn in koart pleit foarkomme dat de ferboaden, dy’t neffens ID&T oerdreaun binne, wier oplein wurde.

july 9, 2021 23:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.