‘Andere Tijden Sport’ oer de map fan Nol de Ruiter

july 1, 2021 08:25

De simmerrige fan Andere Tijden Sport, it sportskiednisprogramma fan NOS en NTR presintearre troch Tom Egberts, set no snein útein mei it ôflevering oer it EK ’88.

Foto: ©NTR

Nol de Ruiter (foto: ©NTR)

It is de iennige fuotbaltriomf fan Nederlân. It EK fan 1988. ‘Hast’ alles is der al oer sein en skreaun. Mar Andere Tijden Sport bringt wat oan it ljocht dat leafst 33 jier ferburgen bleau. Einliks kriget de sjogger ynsjoch yn de taktyske besprekkingen, de oanpak en de twivels fan suksestrener Rinus Michels en syn staf. Michels’ assistint, Nol de Ruiter fan Burgum, hold by it toernoai nammentlik alles by yn in grutte swarte map.

Wat barde der bygelyks yn de oanrin nei de beladen heale finale tsjin West-Dútslân?

Andere Tijden Sport giet mei Nol de Ruiter, Hans van Breukelen, Jan Wouters en Erwin Koeman op jacht nei de geheimen fan de map fan ’88. Op besite by Nol de Ruiter kriget Tom Egbers de map yn ’e hannen. Wat stiet deryn? En kenne Erwin Koeman en Jan Wouters werom wat se lêze?

Ald-doelman Hans van Breukelen giet – mei de map – nei Hamburch foar in moeting mei earder West-Dútsk ynternasjonale spiler Frank Mill. Oer Mill hat Nol de Ruiter ek wat opskreaun. Yn de heale finale yn 1988, yn itselde Hamburch, botsten Van Breukelen en Mill hurd mei-inoar. It is tiid foar in nije moeting, 33 jier nei dato.

Snein 4 july, 22.00 oere, NPO 1.

Hans van Breukelen en Frank Mill (foto: ©NTR)

july 1, 2021 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.