Amazon-baas nimt frou fan 82 mei op romtereis

july 5, 2021 09:06

Jeff Bezos, de rykste man op ierde en baas fan Amazon, nimt in 82-jierrige frou mei op in reiske yn de romte. Wally Funk wurdt dêrmei op 20 july de âldste astronaut ea.

Foto: Wikipedia/LunchboxLarry – CC BY 2.0

Mei syn bedriuw Blue Origin wol Bezos romtetoeristen in tsien minuten duorjende trip op hûndert kilometer boppe it ierdoerflak biede. Bezos kundige koartlyn de earste flecht oan. Hy is sels ek oan board, mei syn broer en in ûnbekend persoan dy’t op in feiling 28 miljoen dollar dêrfoar betelle hat, en Funk dus.

Funk makke yn de sechtiger jierren diel út fan de Mercury 13, in romtefeartprogramma fan NASA dêr’t trettjin froulju oan meidiene, mar it kaan nea ta in echte romtereis. Dêrnei wie Funk fleanynstruktuer. Se learde trijetûzen minsken fleanen.

De passazjiers sille op de romteflecht in pear minuten gewichtleas wêze en de krûming fan de ierde sjen kinne. Underwilens begjint ûnder miljardêrs in lytse spacerace te ûntstean. Sakeman Richard Branson hat details bekendmakke oer syn plende romtereis. Hy wol op 11 july meifleane mei in testflecht fan syn eigen bedriuw, Virgin Galactic. Dêrmei sil er dus njoggen dagen foar Bezos foar koarte tiid de ierde ferlitte.

july 5, 2021 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.