Allinnich folslein faksinearren wolkom yn Grykske hoareka

july 13, 2021 07:26

Yn Grikelân meie fan freed ôf inkeld folslein faksinearre minsken yn kafees, restaurants, bioskopen en teaters komme. De nije regel jildt yn elts gefal oant ein augustus, sawol foar Griken as toeristen. Op bûtenterrassen binne minsken dy’t net yninte binne wol wolkom.

Foto: GGD

Sûnt ein juny nimt yn Grikelân it tal koroanabesmettingen ta. “It lân giet net opnij op slot fanwege de hâlding fan in stikmannich minsken”, sei primier Mitsotakis moandeitejûn yn in telefyzjetaspraak. “It is net Grikelân dat in gefaar foarmet, mar net-faksinearre Griken.” Mitsotakis kundige ek oan dat Gryksk soarchpersoniel ferplichte wurdt om in koroanaprip te heljen.

Yn Frankryk sille fan augustus ôf ferlykbere regels jilde. Minsken moatte dêr in koroanapas brûke om oan te toanen dat se faksinearre binne, negatyf test binne of koartlyn fan koroana genêzen binne.

july 13, 2021 07:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.