Alles oer Frysktalige muzyk oersichtlik byinoar op Startside.frl

july 11, 2021 12:54

Nynke Laverman skildere troch Gerrit Breteler. Boarne: Wikipedy/Anke Bijlsma

Krekt as alle artysten hawwe sjongers fan Fryske lieten it dreech yn de koroanatiid. En krekt as oaren, besykje hja sichtber te bliuwen troch harren digitaal te oppenearjen. Startside.frl, in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging, besiket om harren dêr wat by te skewielen. Okkerdeis is dy poarte nei it Frysktalige part fan it wrâldwide web útwreide mei in oersjoch fan de foarnaamste artysten dy’t yn de Fryske taal sjonge.

Under it kopke Muzyk is, njonken it lêste muzyknijs fan It Nijs, in oersjoch fan dy sjongers, sjongeressen en groepen te finen en kin der maklik trochklikt wurde nei harren web- en facebooksiden, nei ynformaasje oer harren op de Wikipedy, nei Spotify en Muziekweb om de lieten te beharkjen en nei YouTube om dy te besjen.

Sadwaande falt bygelyks te ûntdekken dat Piter Wilkens in nije cd én lp útjûn hat. En dat Nynke Laverman de útjefte fan har nije maatskippijkrityske album stadichoan yn tiid fan in jier útjout en oan elk liet nijsgjirrige fraachpetearen oer it tema derfan taheakket. Of besjoch in oardelmeterferzje fan it slotkoraal út it requiem ‘Oer de seedyk’ fan multytalint Gerrit Breteler, bedoeld as treast yn barre koroanatiden. Dat en noch folle mear is te finen fia www.startside.frl/muzyk/.

Wa’t fynt dat der artysten ûnterjochte ûntbrekke, wurdt útnûge om kontakt op te nimmen mei de Ried fan de Fryske Beweging: dat kin mei dit kontaktformulier.

 

july 11, 2021 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.