Aant Mulder: Jou my mar in ‘thorpa’

july 27, 2021 06:52

Kollum

Noch net sa lang lyn lies ik oer in nije terp. It wurd terp is fansels wol nijsgjirrich. It betsjut eins neat oars as ‘thorpa’ en dat is dan wer it âlde wurd foar doarp. Men soe it hjoed-de-dei omskriuwe kinne as in kloft huzen dy’t wat heger boud binne as it lân dêromhinne, gewoan om drûge fuotten te hâlden as it te lang en te hurd reint. Sa hat it te uzes skoftenlang wurke, hast oan healwei de midsiuwen ta. Doe kamen de diken en koene yn ien kear folle gruttere gebieten better beskerme wurde. Likegoed waarden de risiko’s ek stadichoan grutter. As der wat ferkeard gie, dan gie der mear ferkeard. It is moai dat we de terpen yn eare hâlde as symboalen fan de striid tsjin it wetter. Dêrom komt der fan ’t jier ek in nije terp, oardel kilometer bûtendyks, op it Waad ticht by Blije. Dy terp is in ûnderdiel fan it ferneamde Sense of Place, mei syn lânskipskeunstwurken bylâns de Waadsee dêr’t Joop Mulder silger him foar ynset hat.

Maas. Foto © Janine Carels

Ik hie dy terp graach fan alle kanten besjoen, mar folle fierder as in tekenmodel bin ik net kommen. De terp moat noch boud wurde, better sein, de terp moat noch ûntstean. Wat ik sjoch is in soarte fan pealwurk en rinpaden, dy’t alle romte oan de natuer en oan de minsken jouwe om der wat moais fan te meitsjen. Myn earste konklúzje is wat in nuverenien. Dy sil wol net doge. Ik tink: Dy terp stiet op ’e kop ferkeard, krekt as de pleats mei de naal nei ûnderen ta by stasjon Hylpen. Tagelyk betink ik dat sa’n nije terp in aktueel symboal wêze kin. It hat der ommers alles fan dat it mei al dat wetter op ’e kop ferkeard komt. Ik tink wolris stikem dat ik yn Gaasterlân net sa raar wenje. It Bakhúster Heech is tichteby, mar ja, sa sille wol mear tinke. Noch leaver soe ik ticht by de terp fan Hegebeintum wenje. Hawar, wy ha de Deltawurken en dêr wurdt konsekwint oan wurke. De diken moatte heger, miljeufreonliker, iepener. Dat betsjut yn alle gefallen dat foar sokke diken hieltyd mear tiid en mear jild nedich is. Wy moatte mar hoopje dat it in bytsje op ’e tiid wêze sil eardat wy oan bar bine. Dat dy iene kear yn de hûndert jier net allinne wier is, mar ek noch moai fier fuort.

Dat is moai, mar ik fyn it wol nuver dat ik yn praatprogramma’s hear dat wy it safolle better dogge as de lannen om ús hinne. Dêr kin ik mar min oer.

Yn it suden kaam it okkerwyks al op ’e kop ferkeard en dat wie net foar de earste kear. Wy ha hiel lang tocht dat we de see de baas bliuwe moatte, mar wy ha de rivieren te faak en te folle oer de holle sjoen. De rivieren wiene bedoeld om it wetter ôf te fieren en it wetter op in hichte te hâlden dêr’t lân en de skippen op de rivier wille fan ha koene. Doe’t de skippen grutter waarden, moasten de rivieren rjochter wurde. De bochten moasten derút helle wurde. Gjin meänders, want dat sjit net op. Kanalen bylâns de rivieren wiene soms praktysker. Uterwaarden wiene needsaken, mar leafst net te breeed en net te folle. Dy grûn moast yn alle gefallen brûkt wurde. Sa binne wy. De kij koene dêr prachtich weide wurde. Der wie plak foar in inkelde pleats, stienfabriken en letter nije wenwiken mei prachtige útsjoggen op de rivieren. Eardere oerstreamingen makken al dúdlik dat it der ris fan komme soe dat der gjin hâlden en kearen mear oan wêze soe, dat it dus op de kop ferkeard komme soe. Dat is no! Wylst it grif noch wol slimmer kin!

Rijn. Foto © Janine Carels

Wetter, it liket sa’n gewoan wurd, mar yn dizze tiden komt wetter hieltyd faker foar op net ferwachte plakken en tiden. Wy moatte wetter fêsthâlde foar tiden dat it te drûch is. Sokke tiden komme hieltyd faker foar. Wy moatte wetter ôffiere op tiden dat it te wiet is. Sokke tiden komme ek hieltyd faker foar. Slimmer as no soe it eins net wurde moatte. Dêrom moatte we werom nei de tiden dat it wetter yn ús lân folle langer ûnderweis wie fan grins nei see. Dêr wurdt oan wurke en net sûnder sukses. Dat is moai, mar ik fyn it wol nuver dat ik yn praatprogramma’s hear dat wy it safolle better dogge as de lannen om ús hinne. Dêr kin ik mar min oer. Yn dy oare lannen binne de bergen ommers heger, it tal rivieren grutter en opfang lestiger te realisearjen as yn ús lân. It is dúdlik dat oplossingen ticht by de natuer lizze moatte. Dat moatte wy dwaan, oars docht de natuer it sels wol. Yn legere gebieten moat romte komme foar wetter. Plakken dy’t heger yn it lân lizze binne gaadliker om te wenjen. Dat witte wy al fan de terpetiid ôf. It oerstallige wetter, dat eins nea oerstallich is, moatte we hoeden mei omgean en brûke as it nedich is.

Hegebeintum. Foto Aant Mulder

Sa besjoen fyn ik de terp by Blije in warskôging nei de takomst ta. Wy moatte heech wenje kinne en it wetter leech fuortstreame litte kinne. Sokke terpen ha we nedich. Diken binne bêst, mar alternativen binne net ferkeard. Ik hoopje dat ik de plaatsjes fan de nije terp ferkeard besjoch en dat dy nije terp in deeglike terp wurdt, dêr’t heech boppe it wetter wenne en wurke wurde kin. Dan hoege we ús noch net ryk te rekkenjen. Hieltyd faker ha we ommers yn ús hieltyd lytser wurdende wrâld yn perioaden fan drûchte te krijen mei yngripende brannen. Hieltyd faker ek ha we yn perioaden fan reinwetter te krijen mei stjalprein en oerstreamingen. En dan ha ’k it noch net iens hân oer hurde wyn, oer stoarmen en orkanen. Dat bart ek op plakken en op tiden dat we it net ferwachtsje. It moat oars en better, der is gjin ferwin op.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 24 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 27, 2021 06:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.