Aant Mulder: Fryske skriuwers reitsje net útskreaun oer de oarloch

july 6, 2021 07:10

Kollum

De Twadde Wrâldoarloch sil foar altyd in plak ha en hâlde yn de Fryske literatuer. It ferskaat is grut. Ik hoech mar nammen as Tiny Mulder, Anne Wadman, Rink van der Velde of Hylke Speerstra te neamen om dat dúdlik te meitsjen. It hat der alles fan dat de ein noch net yn sicht is.
Dêr stie ik noch net sa bot by stil doe’t ik de trilogy oer Doutzen lies: Om Doutzen (2013), Doutzen ûnder fjoer (2015) en Doutzen yn swier waar (2019). Dy trilogy waard skreaun troch Rommert Tjeerdsma en útjûn troch de KFFB. Koartlyn ferskynde dêr opnij sa’n boek: Koartsluting op it Swynserhûs (2021), it debút fan Klaas Elgersma. It begjint derop te lykjen dat der by de KFFB in tanimmende belangstelling foar dy tiid ûntstiet. Dat kin te krijen ha mei de âldens fan de skriuwers. Tjeerdsma is fan ’43, Elgersma fan ’52.

It boek fan Tjeerdsma kriget my wat mear yn de besnijing as ik ferwachte hie. Dat komt omdat it boek in dokumintêre roman neamd wurdt en omdat de debutearjende skriuwer tagelyk de pakesizzer fan de beide haadpersoanen is. Dêr komt noch by dat it ferhaal begjint op in hierpleats op Spears, tichteby Sibrandabuorren en Gau. Dat binne omkriten dêr’t ik wol bekend bin. Dat feroaret lykwols gau, want: “Haije seach de beheinde mooglikheden dêr om him hinne.” Sûnder dat oaren der weet fan ha keapet er in pleats ûnder Britsum. Dêr wol er buorkje. Dat it in dreech karwei wurdt, dat sjocht er sels ek wol, mar mei eigen folk (bern) komt men in ein. Ik tink dat de skriuwer in treflike dokumintêre skreaun hat, dy’t strykt mei de feiten. Efteryn steane net om ’e nocht de nedige taljochtingen lykas Ferantwurding en boarnen en Ferklearjende wurd‑ en nammelist. Wa’t feitlik sicht krije wol op de oarloch yn Britsum en omkriten moat dit boek perfoarst lêze.

Ien ding muoit my. Daliks yn it begjin al wurde de karakters delset. “Emkje wie in tige skrandere en yn har tinken in moderne frou.” Der wurde noch folle mear fan sokke dingen sein. It is nuver dat fan dy skaaimerken yn de dokumintêre roman net folle te fernimmen is. Koartsein: Haije docht wat er sels wol. Hy nimt de besluten. Emkje hat dêr gjin oanpart yn. Sy fiert út. Yn it begjin wurde de bern like posityf beskreaun: “It wienen sûnder útsûndering allegearre frij sterke persoanlikheden en it foel op dat se allegear útsprutsen rjochút wienen yn dwaan en litten.” Ik begryp dat it foar de skriuwer lestich is en sis dêr dingen oer, mar fan in pakesizzer dy’t syn pake en beppe langer as tweintich jier meimakke hat, hie ik dochs wat oars ferwachte, sels yn in dokumintêre roman. Koartsein: fan koartsluting is neat te fernimmen.

De Twadde Wrâldoarloch stiet yn de roman sintraal en dan net allinne op It Bilt, mar troch hiel Europa hinne.

Underwilens ha ik Beppe Xenia fan Hein Jaap Hilarides oantúgd. Hoewol’t ik de titel fan it boek en de foarkant net bysûnder fyn, kom ik dochs oan lêzen ta. Beppe Xenia blykt yn it begjin fan it boek in jongfaam te wêzen en oan de ein fan it boek is se noch hieltyd gjin beppe. It foarwurd makket alles dúdlik. Ik ha opnij in boek foar my lizzen dat troch in pakesizzer skreaun is. Dy pakesizzer is diskear F. Wassenaar, dy’t syn beppe net kend hat. Dat is in earste ferskil. Dat Hilarides keazen hat foar fiksje is fansels in folle grutter ferskil.

It ferhaal is basearre op ferknûkele skriften yn in ferhúsdoaze, dêr’t fan bliken die dat dat it deiboek fan beppe Xenia wie. Dat stiet yn it foaropwurd. Hoewol’t sa de yndruk ûntstiet dat dizze roman ek in dokumintêre roman is, neamt de skriuwer it in kronyk, dy’t út trije dielen bestean moat. Dat is alteast de bedoeling. Diel 1 De trekker fan Troje ferskynde yn 2017. Hy wurket no oan it tredde diel. It aardige is dat er gronologysk yn de tiid werom giet. No’t ik diel 2 dus lêzen ha, bin ik nijsgjirrich wurden nei dat earste diel, De trekker fan Troje.

Hawar, werom nei Beppe Xenia. De Twadde Wrâldoarloch stiet yn de roman sintraal en dan net allinne op It Bilt, mar troch hiel Europa hinne. Waard dy oarloch troch Tjeerdsma beskreaun, no wurdt dy oarloch belibbe. It wol jin wol oan dat it sa gie. De taal dy’t brûkt wurdt is moai, docht fan en ta suver hast poëtysk oan. De wrede tiden bliuwe lykwols sintraal stean. Der is gjin ûntkommen oan. It sil jin net fernuverje dat Xenia de ferbinende skeakel is tusken de oarloch om fierrens en op It Bilt. Yn dit boek krije wy wol mei hoe’t de boerinne mei de omstannichheden tangele sit en hoe’t it ferline har efterfolget, har tinken en fielen. Men hat suver mei har te dwaan. Fan en ta ha ik it gefoel dat har man, Freek Wassenaar, it allegearre wat te folle gewurde lit.

It boek begjint mei dyselde Freek dy’t yn Slovenië terjochte komt om dêr it buorkjen te learen. It hoe en het wurdt net echt dúdlik. Hy komt by de âlden fan Xenia yn de kost. It oare lit him riede. Dat is eins alles wat we dêroer lêze. Likegoed hat Xenia foardat se mei Freek trout en tegearre mei him nei de pleats fan de Wassenaars op It Bilt ferhuzet al in eigen ferline. Dat ferhuzet mei. It lit har net los. Dêr komt by dat de haadpersoanen út dat ferline har opnij jilde litte. Mear sis ik dêr net oer. Ik ried jimme oan en lês it sels.

Beppe Xenia is in roman wurden mei dúdlike feiten en net sûnder minsklike emoasje. Hoewol’t dit boek opboud is út trije dielen mei 54 haadstikjes lêst it dochs maklik as ien gehiel fuort. Allinne by de haadstikjes 38 en 39 bin ik de tried efkes kwyt, mar ik begryp dat de skriuwer it mei opsetsin sa dien hat. En hy is de skriuwer!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 3 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 6, 2021 07:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.