Aant Mulder: Fan Gysbert Japicx sjonge

july 13, 2021 07:00

Kollum

No’t komponiste en sjongeres Hiske Oosterwijk op 17 juny de dûbeld-cd Wurden mei komposysjes ynspirearre op wurk fan Gysbert Japicx útbrocht hat (sjoch de keppelingen ûnderoan, red.) en no’t der yn oktober in teaterkonsertrige Tiidgenoaten oer de dichter holden wurdt, is dat in goede gelegenheid om it yn dizze kollum oer Gysbert Japicx te hawwen.

As we it oer Gysbert Japicx ha, dan ha we it oer immen út lang ferfleine tiden. De measten fan ús sille wolris fan de man heard ha, mar fierder falt it gauris ôf en wit wat mear oer him. Fansels, wy ha yn Boalsert it Gysbert Japicxhûs, mar dat is in museum en Fryske tekstwinkel. Dêr kin men Fryske soeveniers keapje en toeristyske ynformaasje krije. Om dizze tiid hinne ferfart it Gysbert Japicxhûs nei DE TIID, dat is it âlde stedhûs fan Boalsert, dat noch boud waard troch syn heit Japik Gysberts. Dat is wol moai, mar men kin jin ôffreegje oft Gysbert Japicx en syn wurk yn dat fernijde en nije multyfunksjonele gebou wol ta har rjocht komme sille.

Wy ha dus it Gysbert Japicxhûs, dat de minsken wol aardich kenne. Yn dat hûs is de man berne. Hoe’t it no fierder mei dat hûs komt, is it measte net fan dúdlik. Wy ha ek in Gysbert Japicxseal yn Tresoar yn Ljouwert en in stânbyld yn Boalsert. Fierder ha we yn doarpen en stêden aardich wat Gysbert Japiksstrjitten. Hûs, seal en strjitten wize op in man fan kwizekwânsje. Dat wurdt hielendal dúdlik as de Gysbert Japicxpriis op it aljemint komt. Dy is hiele Fryslân troch wol aardich bekend. It moat dus wol in skriuwer/dichter west ha dy’t iuwen ferlyn yn dat hûs berne waard. De man dichte en skreau foarsafier’t drege tiden, in beswierlike hûshâlding en wurk dat talieten.

Gysbert Japicx. Matthijs Harings, 1637 (Frysk Museum)

Gysbert Japicx libbe fan 1603 oant 1666. Hy gie nei de Latynske skoalle en waard skoalmaster yn Wytmarsum en letter yn Boalsert. Dêr wie er ek foarsjonger yn de Martinytsjerke. Hy troude mei Sycke Salvius. Tegearre krigen se seis bern. Yn de 17de iuw wurdt Boalsert troffen troch de pest en dy pandemy is net mijen. Fiif fan de seis bern, syn frou en hysels stjerre oan de pest en syn âldste soan Salves gau dêrnei ek. Mear as fjouwerhûndert jier letter kinne we troch de koroana in lyts bytsje better begripe wat dy pest betsjut hawwe moat. Dat sa’n man yn sokke omstannichheden oan skriuwen en dichtsjen takomt, stúdzje fan de taal makket en dat op in wize docht dêr’t oaren net oan takomme, dat is bysûnder.

Hy sil syn ferhalen en gedichten grif op skoalle en yn tsjerke, op feesten en brulloften brûkt ha. It sil opskreaun en oerskreaun west ha of faaks yn lytse oantallen printe. In feit is dat mar ien kear yn syn libben wurk fan him yn printe foarm útkaam. Dat wie it boekje Fryske Tsjerne, mei boartlike ferhaaltsjes en gedichten. Dêr stiet ek it prachtige ferhaal yn fan de boer dy’t wat te djip yn it gleske sjoen hat en dy’t op syn troudei earst noch de hier nei syn lânhearre bringt. Al it oare wurk is grif yn laden en op steapels lizzen bleaun oant nei syn dea. Twa jier letter, yn 1668, ferskynde Gysbert Japix Friesche Rymlerije.

Dat sa’n man yn sokke omstannichheden oan skriuwen en dichtsjen takomt, stúdzje fan de taal makket en dat op in wize docht dêr’t oaren net oan takomme, dat is bysûnder

Gysbert Japicx wurdt sjoen as de grûnlizzer fan de Fryske literatuer. Hy stelde regels op om it Frysk op in goede wize te skriuwen en te brûken. Hy hie kontakten mei taalgelearden yn binnen- en bûtenlân. It seit himsels dat sa’n man safolle jier letter hast logyskerwize in objekt fan stúdzje wurden is. Der binne proefskriften oer him skreaun. Ik tink oan: J. Haantjes: Gysbert Japicx, Fries dichter in de zeventiende eeuw (1929), W.L. Brandsma: Het werkwoord bij Gysbert Japicx (1936), D. Kalma: Gysbert Japiks, in stúdzje yn dichterskip (1938), A. Feitsma: De autografemen in het werk van Gysbert Japicx (1974) en Ph.H. Breuker: It wurk fan Gysbert Japix (1989). Sûnt is it wat stil wurden. It soe moai wêze as dat wer feroaret.

Hiske Oosterwijk. Foto AM

Genôch dêroer. No’t Gysbert Japicx de lêste tiid wer yn it nijs komt as dichter en as berimer fan psalmen, kinne we dêrfan genietsje en begripe dat er folle mear wie as foarsjonger yn de Martinytsjerke. Friesche Rymlerye bestiet út trije dielen. It tredde en tagelyk lêste diel Hymmelsch harp-luwd (Dat is to sizzen ytlycke fen Davids Psalmen) beslacht sa’n 150 bledsiden. Dêr steane ek de bekende lieten as Nacht-Rêst-Bejerte en Moarn-Liet yn. It is prachtich dat dy lieten opnij yn de belangstelling steane en dat Hiske Oosterwijk mei in dûbeld-cd Wurden en in teaterkonsert Tiidgenoaten der opnij omtinken oan jout.

Beide aktiviteiten fan Oosterwijk binne oanrieders, mar it wurdt noch moaier as men op ’e hichte is fan wa’t Gysbert Japicx wie en wat er dien hat. Der is in hiele noflike wize om wat dat oanbelanget mear oer him oan ’e weet te kommen. Piter Terpstra (1919-2006) hat dat nammers mooglik makke troch it skriuwen fan trije opienfolgjende histoaryske romans. Dy boeken binne ta gelegenheid fan de 400ste stjerdei yn ien bân útkommen. It earste diel: Mjitter fan ús jierren datearret fan 1984 en giet oer syn tiid as skoalmaster yn Wytmarsum en syn tiid as begjinnend dichter. It twadde diel Bewarje myn namme datearret fan 1993 en dat giet oer syn tiid as skoalmaster yn Boalsert, de tiid fan syn húshâlding. It lêste diel fan 1972 De dei is ferrûn giet oer syn lêste libbensjier dêr’t dus troch de pest in ein oan komt.

Jimme ha noch moai de tiid om foar it teaterkonsert Tiidgenoaten wat mear oan ’e weet te kommen oer Gysbert Japicx of faaks âlde kennis wer op te heljen. Dwaan soe ’k sizze.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 10 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
Mear ynformaasje:
Wurden fan Gysbert fan 17 juny 2021 16:00 | Omrop Fryslân (omropfryslan.nl)
Utnûging live-útstjoering ‘Wurden fan Gysbert troch Hiske’ | It Nijs
Kaartferkeap teaterkonsert Tiidgenoaten úteinset | It Nijs

 

july 13, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe july 13, 13:49

    Behalve dat alle ‘belangstelling’ foar Gysbert Japiks in bytsje slapstickachtich oandocht yn in tiid dat net in harsens mear in Fryske dichtbondel keapet, is der ek noch de kwestje dat nimmen him ôffreget wêrom’t der net in eigentiidske (dat wol sizze: lêsbere, omstavere, betelbere) útjefte fan de man syn wurk yn de boekhannel leit. ‘Wy’ hoege him blykber net mear te lêzen, ‘wy’ ha blykber genôch oan in ikoanysk plaatsje yn in museum.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.