Aant Mulder: Fakânsje of net

july 20, 2021 07:00

Kollum

Wy ha ferline jier net op fakânsje west. Fan ’t jier wurdt it ek wer neat. Dat hat te krijen mei eigen omstannichheden, mar ek mei koroana, dêr’t we graach fier fan bliuwe. It soe kinne dat we ús noch in midwike of in wykein hjir of dêr yn in hotel deljouwe. De bern soene graach wolle dat we dat mei-inoar dogge. Dat wa wit. Soene de omstannichheden oars wêze, soene we fleurich op reis kinne, dan hie ’k wol in pear bestimmingen yn gedachten.

Ik tink oan Poalen, oan Hongarije en oars Slovenië. Wy ha wol yn alle trije lannen west. Yn Poalen ha we in wike of sa yn it súdwesten, yn de omkriten fan de Karpaten, taholden. Hongarije en Slovenië ha we aardich bereizge. Yn Hongarije ha we fansels yn Boedapest west. Wy ha dêre fierder geniete fan de poesta en de Balatonmar. Yn Slovenië ha we in kuier makke bylâns de mar fan Bled. Wy ha ek yn Ljubljana west. Om’t we fan Poalen eins net safolle sjoen ha, giet de foarkar nei Poalen út.

Slovenië – Ursulinetsjerke yn it sintrum fan Ljubljana. Foto AM

Nuver, der binne ommers noch genôch lannen dêr’t we noch nea west ha. Dat wêrom dan dy kar foar Poalen of oars Hongarije of Slovenië. It soe wêze kinne dat jimme it al begrepen ha. Dy trije lannen, alle trije lid fan de Europeeske Mienskip, komme de lêste jierren hieltyd faker negatyf yn it nijs. Yn Poalen giet it benammen om de rjochters, dy’t hieltyd minder romte krije om rjocht te sprekken. Guon wurde sels ûntslein en der binne aardich wat protesten. Hieltyd faker kriget de polityk en eins presidint Duda it lêste wurd. Dat is wat wy hearre en wat wy sjogge.

De ferhalen út Hongarije wei binne al net folle oars. Dêr giet it om premier Viktor Orbän, dy’t hieltyd faker de mooglikheden fan de media beheint. Dy komme sa hieltyd mear ûnder druk te stean. It lêste nijs is fansels, dat op skoallen gjin omtinken jûn wurde mei oan lgbti’ers. Fan ymmigraasje moatte se ek neat ha. Dat is wat wy hearre en wat wy sjogge. Foar Slovenië jildt eins itselde. De premier fan Slovenië Janez Jansa is in fan fan Orban. Hy hellet graach út nei linkse partijen dy’t neffens him migranten maklik talitte wolle. Hy fynt dat in anty-Sloveensk en in anty-Europeesk belied. En dat wylst it jierliks mar om in pear hûndert asylsikers gean soe. Dat is wat we hearre en wat we sjogge.

It hat net folle doel om de latte sa heech te sizzen
dat der allinne noch plak foar Nederlân yn de EU is.

Wy krije út de media wei de yndruk dat dizze trije lannen mei de EU meidogge om te heljen en net om te bringen. Sy stelle de eigen wetten boppe dy fan de EU en de rjochtse regearingen besykje hieltyd mear ynfloed te krijen op it ûnderwiis, de media en de rjochterlike macht. As we de media leauwe moatte, slagget dat hiel aardich. It giet sels safier dat guon al sizze dat dy lannen mar better út de EU kinne. Dat is my eins te koart troch de bocht. Wy soene manmachtich nei dy lannen ta op fakânsje moatte, mei de minsken prate. Oarsom soene we de minsken nûgje moatte om diskant op te kommen. We moatte mei-inoar yn petear en we soene ta moatte op Europeeske wetten dêr’t we ús allegearre yn fine kinne. Tagelyk moatte we betinke dat de ferskillen wolris minder grut wêze kinne as we tinke. Wy ha it oer rjochtse regearingen en it stribjen nei macht fan de foaroanmannen. Dy wolle baas bliuwe. Dat is dúdlik. Dat de ferskillen wolris minder grut wêze kinne docht bliken út it stadichoan grutter wurdend tal rjochtse partijen yn eigen lân. In rjochtse regearing moatte we mar net útslute. It soe der samar fan komme kinne. Politisy dy’t graach sitten bliuwe wêr’t se sitte, kenne we yn ús lân ek wol. Dat is wat wy hearre en dat is wat wy sjogge.

Slovenië – Ljubljana oan de Ljublijananica. Foto AM

It hat net folle doel om de latte sa heech te sizzen dat der allinne noch plak foar Nederlân yn de EU is. As it in bytsje kin, moatte we it mei-inoar dwaan. Inoar it mannewaar opsizze jout dan net folle. We moatte ta op petearen tusken minsken, tusken folken en we moatte komme ta ôfspraken, regels en wetten dêr’t we ús mei-inoar yn fine kinne. Wy ha it no allinne mar oer de rjochtse regearen fan Poalen, Hongarije en Slovenië dy’t troch de bocht moatte.

Wy kinne it likegoed ha oer de minderheden yn Europa. Tink oan it MInority Safepack Inisjatyf. Der moasten ien miljoen hantekeningen komme om serieus nommen te wurden. Dy hantekeningen kamen der, mar de Europeeske kommisje docht wat er mei mear dingen docht: foarútskowe en net beslute. Dat jildt dus foar it MSPI en dus foar de minderheden. Minderheden, dus de Friezen ek, dogge der net ta. Dy moatte har hâlde oan de Haachske en Europeeske wetten. De Haach hat der ek wol wat foar oer om alles te hâlden sa’t it is. In grut ferskaat oan teksten op papier. Dêr docht út bliken dat it regear tûk genôch is om gjin konkrete tasizzingen te dwaan. Dat moatte wy ôftwinge, mar dêr binne wy fierstente aardich foar. Wy binne der ek deabenaud foar om noch minder of hielendal gjin omtinken te krijen foar wat we as minderheden graach wolle. Wy soene opkomme moatte foar minskerjochten, it rjocht om de eigen taal te brûken. We binne bliid mei antwurden dêr’t we neat mei kinne. Folle kar ha we net, want foar’t we it witte, wolle se Fryslân der ek noch út ha. Hawar, ik soe nei Poalen ta wolle, mar ik kom ta de konklúzje dat der thús genôch te bepraten is. Dat it wurdt fakânsje yn Fryslân. Ik winskje jimme in noflike fakânsje ta.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 17 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

july 20, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. joute de graaf july 21, 20:25

    In kollum fan Aant mei wize wurden. Kommunisearje, mei-elkoar.
    Dat binne de kaaiwurden om mienskip te krijen

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.