91,7% Friezen kriget berjochten fan oplichters op snoadfoan

july 2, 2021 08:51

Hast alle Friezen hawwe ûnderfining mei malafide berjochten: 96,7% fan alle Friezen kriget wolris in e-mail, WhatsApp of sms fan oplichters. Net folle Friezen binne har lykwols bewust fan it risiko op phishing fia harren snoadfoan. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan VPNGids.nl, dat fia in enkête frege nei ûnderfiningen mei malafide berjochten en digitale fraude.

Foto: pixabay.com

Friezen blike har faak net bewust fan de risiko’s dy’t by snoadfoangebrûk komme: 70,8% fan alle Friezen ûnderfynt syn snoadfoangebrûk as feilich. Lanlik sjoen leit it oanpart dat snoadfoans feilich fynt op 61,4%.

Gefaarlike links geregeld oanklikt
Yn Nederlân soargje foaral malafide berjochten fan in telefoanprovider derfoar dat ûntfangers geregeld op gefaarlike links klikke. Fan alle ûntfangers fan sa’n berjocht klikt 17,9% yndie op in link. Dat is minder faak it gefal by sms’kes en e-mails fan in bank (9,8%) of in pakketbesoarger (10,8%).

WhatsApp-fraude: 1 op de 10 malafide berjochten makket slachtoffer
In misliedend WhatsApp-berjocht fan in saneamde soan of dochter mei in nij nûmer dy’t yn jildneed sit, makket yn 10,3% fan de gefallen de ûntfanger yndie slachtoffer fan digitale fraude. Sa’n sabeare WhatsApp-berjocht liket op spesifike doelgroepen rjochte. Under 50-plussers jout 22,2% oan wolris sa’n berjocht te krijen, wylst dat by jongere Nederlanners mar foar 9,5% jildt.

Lês mear oer it ûndersyk.

july 2, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.