47e Fryske Bûsboekje: diel de romte

july 27, 2021 11:32

“Ast romte joust, kinst romte werom krije”

Jantien de Boer mei de oarkoande by it earste Bûsboekje 2022. Foto © Bûsboekjeredaksje

It nije Bûsboekje, edysje 2022, is juster presintearre. It earste eksimplaar gie nei Jantien de Boer, bekend fan har ferhalen oer ‘lânskipspine’. Yn ferbân mei it tema ‘diel de romte’ wie de presintaasje op it Frijlân by Ljouwert, op de râne fan stêd en plattelân. De redaksje keas dat tema mei in knypeach nei de oardel meter (koroana), mar ek mei it each op it Fryske plattelân dêr’t wy sunich op wêze moatte soene. Gastfrou Irma Abelskamp is dêr op it Frijlân al jierren mei dwaande (foto op thússide: Rûnlieding op it Frijlân).

De redaksje jout yn it nije Bûsboekje ûnderskate perspektiven op ‘romte’. Sa is der in bydrage oer it Frijlân, dêr’t in lytse mienskip de romte dielt. Mar ek oer it hâlden fan in petear mei immen dêr’t men it folslein net mei iens is.

Der wurdt ek nei it ferkear sjoen: guon plakken yn Fryslân binne ‘shared space’. Dêr moatte auto’s, fytsers en kuierders de romte diele.

Der binne ek gedichten opnommen dy’t passe by it tema: fan Tjits Peanstra (‘hûs fan stilte’) en fan Obe Postma (‘de stêd’). It boekje jout omtinken oan Arcadia, in grut program mei poadiumkeunsten fan 7 maaie oant 14 augustus 2022. Fierders stiet it Bûsboekje wer fol mei siswizen, in puzel en adressen fan Fryske organisaasjes.

It Bûsboekje wurdt al 47 jier makke troch in frijwilligersredaksje. Alle jierren wurde der yn winkels, rûnom yn Fryslân, sa’n 3000 stiks fan ferkocht. De priis is € 7,50.

Mear ynformaasje:
redaksje@busboekje.frl, http://busboekje.frl/ en op Twitter: @Frysk_Busboekje

 

july 27, 2021 11:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.