47e Frysk Bûsboekje: diel de romte
Resint ferskynd
Bûsboekje edysje 2022 komt deroan! Elkenien wurdt hertlik útnûge foar de jierlikse presintaasje. Dy is op moandei 26 july, fan 16.30 oant 18.00 oere yn It Frijlân, Boksumerdyk 5-a, krekt bûten Ljouwert en njonken de Dairy Campus.
It earste eksimplaar fan Bûsboekje 2022 sil oerlange wurde oan sjoernaliste Jantien de Boer, bekend fan har reportaazje oer lânskipspine. Der is ek gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei It Frijlân en De Oerfloed. Yn ferbân mei de kofje/tee heart de organisaasje graach foarôf wa’t derby wêze wol. Dat kin troch in e-mailtsje te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.
Sjoch ek busboekje.frl en Twitter: @Frysk_Busboekje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje