18-jierrige Nederlanner sil mei Jeff Bezos mei de romte yn

july 16, 2021 08:50

De 18-jierrige studint Oliver Daemen út Tilburch beselskippet takom wike Amazon-oprjochter Jeff Bezos op syn earste kommersjele romteflecht. Hy is as fjirde en lêste passazjier tafoege oan de earste bemanne flecht fan it romtebedriuw fan Bezos, Blue Origin.

Foto: Wikipedia/LunchboxLarry – CC BY 2.0

Blue Origin biedt romtetoeristen in tsien minuten duorjende trip op hûndert kilometer boppe it ierdoerflak. Al earder waard bekend dat Bezos sels, syn broer en de 82-jierrige Amerikaanske Wally Funk de flecht bemanje sille.

As it reau de dampkring ferlit, binne Funk en Daemen de âldste en jongste astronauten ea. Tongersdei is de Tilburger mei syn heit ûnderweis gien nei Teksas, dêr’t er in koarte, yntinsive astronautetrening folgje sil foar de romteflecht, skriuwt Omrop Brabân. Daemen wol yn septimber, nei weromkomst op ierde, natuerkunde yn Utert studearje.

It fjirde plak yn ’e raket waard útloofd troch in feiling. Yn earste ynstânsje gie in oar mei it plak oan ’e haal, nammentlik de heechste bieder (23 miljoen euro). Dy persoan besleat letter om dochs net mei te gean. Dêrnei foel de kar op Daemen, dy’t oan de feiling meidie tegearre mei syn heit, de direkteur fan ynvestearringsmaatskippij Somerset Capital Partners. It romtefeartbedriuw kiest derfoar it plak oan Oliver te gunnen, om’t er jong is. Hoefolle oft Daemen en syn heit op de feiling bean hawwe is net dúdlik, al falt de priis neffens Blue Origin in stik leger út as it heechste bod fan 23 miljoen.

De lansearring stiet plend foar takom wike tiisdei. De raket New Shepard moat nei lansearring yn Teksas nei in hichte fan goed hûndert kilometer gean. De passazjiers binne dêr in pear minuten gewichtleas en sjogge de kromming fan de ierde. Dêrnei sakket it reau werom de dampkring yn om wer op ierde te lânjen.

july 16, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.