Ynienen dochs gjin ynspraak mooglik oer grutskalige nijbou yn Fryslân

juny 10, 2021 12:30

De mooglikheid foar boargers om mei te praten oer it Deltaplan foar it Noarden is hommels skrast. Doel fan dat plan is om yn Fryslân, Grinslân en Drinte hûnderttûzen nije huzen te bouwen, benammen foar minsken út de Rânestêd. Nije wike woansdei koene boargers yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten meiprate oer de saak. Omrop Fryslân skriuwt op syn webstee lykwols dat in man dy’t dat woe en juridyske arguminten tsjin it plan ynbringe woe, foar de winige doar kaam. It ynspraakmomint blykt ynienen skrast te wêzen.

Klik hjir om it stik op it webstee fan de Omrop te lêzen.

juny 10, 2021 12:30
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nynke Beetstra juny 10, 16:08

    De Ried fan de Fryske Beweging hie him woansdeitemoarn (doe’t it noch koe) oanmeld om yn te sprekken en om in befêstiging frege. Tongersdeitemiddei 16.00 oere is dêr noch net in reaksje op kommen fan de Provinsje, gjin befêstiging en gjin ôfsizzing. In frjemde gong fan saken. Is de Provinsje ynienen benaud wurden foar mooglik krityske reaksjes?

  2. Nynke Beetstra juny 11, 11:15

    De Ried fd Fryske Beweging hat krekt berjocht fan de Provinsje krigen: Provinsjale Steaten sille nije wike 16 juny yn de kommisjegearkomst mei inoar beprate op hokker wize ynspraak en meispraak mooglik wurde makke sil. It ynspraakmomint komt dus net nije wike, mar op in letter momint (nei de simmer).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.