Yndirekte stipe Fryske groepsakkommodaasjes

juny 9, 2021 13:13

Boarne: provinsje Fryslân

Skoallen yn Fryslân dy’t in edukative wurkwike of dei-ekskurzje by in Fryske groepsakkommodaasje boeke, kinne dêr in subsydzje-oanfraach foar yntsjinje. It subsydzje is bedoeld foar alle skoallen foar fuortset ûnderwiis, mbo en hbo.

Om Fryske ûndernimmers fan groepsakkommodaasjes te stypjen, kinne skoallen dy’t harren wurkwiken by in Fryske groepsakkommodaasje of op in skip fan de brune float boeke troch de provinsje finansjeel stipe wurde. Betingst is dat se in edukatyf karakter hawwe, yn Fryslân holden wurde en troch in Fryske ûndernimming organisearre wurde.

Toerisme Collectief Friesland (TCF) soarget derfoar dat skoallen en ûndernimmers mei-inoar yn kontakt komme. Wa’t it earst yn ’e roef komt, hat kâns op in plak. It subsydzje kin oant 1 novimber 2021 oanfrege wurde. De te subsidiearjen aktiviteit moat yn de perioade fan 1 juny 2021 oant en mei 1 juny 2022 syn beslach krije.

Skoallen kinne foar mear ynformaasje en om harren oan te melden op de webside fan de provinsje terjochte: www.fryslan.frl/verblijfenexcursie.

juny 9, 2021 13:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.