Wynmûnen bedriigje de sûnens op ûnferwachte wizen

juny 4, 2021 11:55
Foto: pixabay.com

Wynmûnen om enerzjy op te wekken binne net de ûnskuldige alternativen foar koaleferbaarning of kearnenerzjy dy’t foarstanners soms sa presintearje. Resint ûndersyk lit sjen dat se frijwat neidielen hawwe, ek foar de minsklike sûnens.

It Ryksynstitút foar folkssûnens en miljeu, it RIVM, hat ûndersyk dien nei de gefolgen fan wynmûnen op minsken en miljeu.

De ûndersikers konstatearje dat de lûdshinder yn Nederlân de ôfrûne jierren hurd tanommen is. Wynmûnen spylje dêr in grutte rol yn. De lûdshinder laat derta dat minsken min sliepe kinne, harren min konsintrearje kinne en siik wurde fan ‘e stress. Der is bewiis dat de lûdshinder soarget foar mindere skoalprestaasjes by bern en ta hertkrupsjes. Benammen lege toanen binne min foar de sûnens. Op it stuit ûnderfine 7300 minsken yn Nederlân neffens de ûndersikers slimme lêst fan lûd troch wynmûnen.

De slachskaden fan wynmûnen binne ek in gefaar foar de sûnens. It stroboskoopeffekt kin in protte stress feroarsaakje. Fierders komt it foar dat grutte of lytse ûnderdielen fan ‘e turbinen nei ûnderen ta komme. Se soargje ek foar in protte stjerte ûnder fûgels, dy’t rekke wurde troch de wjukken. Sa’n fyftichtûzen fûgels komme alle jierren op sa’n wize om, rûze de ûndersikers. It fersteuren fan foeraazje-, rêst- en briedgebieten fan fûgelsoarten is ek in risiko.

De provinsje Noard-Hollân wol wynmûnen ticht by bebouwing pleatse. Op it stuit hantearje oerheden no in minimale ôfstân fan 600 meter ta wenten. Aksjegroepen wize op mear lûdsoerlêst as de mûnen tichter by de huzen komme te stean.

Der komt in nij ûndersykssintrum dat in better byld fan de risiko’s fan nije foarmen op enerzjy op te wekken krije moat, it Exptertisepunt Windenergie en Gezondheid.

juny 4, 2021 11:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.