Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 21 oant en mei 27 maaie 2021 

juny 1, 2021 08:05

De ôfrûne wike hawwe 7227 ynwenners har by de GGD teste litten. Dat wie sûnt mids febrewaris it leechste oantal. De wyks dêrfoar wiene it der noch sa’n 1300 mear. De útslach wie dat der wer minder nije besmettingen wiene: ôfrûne wike 673 (= 7,8%) tsjin 921 (=8,5) in wike earder.

It tal besmettingen ûnder de âlderein nimt troch de faksinaasjes stadichoan ôf. Yn de ferpleech- en fersoargingshuzen wiene noch 11 positive testen, tsjin 22 in wike earder. Oer de hiele liny rûn it tal besmettingen tebek, mar it oandiel ûnder 18- oant 30-jierrigen naam fierder ta. Yn dy groep falt in fjirdepart fan alle nije besmettingen. It tal posityf teste skoalbern sakke in bytsje, ek al geane der wer mear nei skoalle ta.

De 673 positive testútslaggen fan ôfrûne wike meirekkene binne yn totaal 42.745 ynwenners fan Fryslân posityf op koroana test. By GGD Fryslân binne yn dy wike twa stjergefallen meld (de wyks dêrfoar trije) en sechstjin gefallen dat ien nei it sikehûs moast (wie trettjin).

De gemeentelike sifers (tusken heakjes foarige wike):
Ljouwert 133 (177), Súdwest-Fryslân 71 (143), Noardeast-Fryslân 60 (51), Smallingerlân 59 (50), Weststellingwerf 56 (79), De Fryske Marren 54 (108), Dantumadiel 45 (25), Opsterlân 37 (54), It Hearrenfean 37 (45), Waadhoeke 27 (58), Achtkarspelen 27 (37), Tytsjerksteradiel 23 (44), Eaststellingwerf 23 (28), Harns 13 (15), It Amelân 7 (1), Flylân 0 (5), Skylge 0 (1) en Skiermûntseach 0 (0).

juny 1, 2021 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.