Winners ‘trouwe yn de Steateseal’ bekend

juny 27, 2021 07:26 Fernijd

De 28-jierrige Janieke Steenstra en 31-jierrige Jan Douwe van der Meer út Hallum binne it lokkige pear dat yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert trouwe mei. Omdat de Steateseal fan ’t jier 125 jier yn gebrûk is, wurdt er ien kear iepensteld foar it sluten fan in houlik troch de kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok.

Alle pearen út Fryslân mei trouplannen koene yn de ôfrûne tiid kâns meitsje op trouwen yn de histoaryske debatseal. Dêrfoar moast antwurd jûn wurde op de fraach wêrom’t it pear yn de Steateseal trouwe moatte soe.

Wâldpyk en klaaiklute
Janieke is, nei eigen sizzen, in wâldpyk en Jan Douwe in klaaiklute. Se kenne inoar goed seis jier en binne fan de earste kear ôf altyd byinoar. Oer trouwen hawwe se in soad praat, mar ta in datum kaam it noch net. Oant de oprop foar trouwen yn de Steateseal foarby kaam. Dat like harren de perfekte lokaasje om inoar it ja-wurd te jaan.

Prinses Sissy as tema
It pear hat inoar yn Ljouwert kennen leard. De dream fan Janieke is om har op har troudei as prinses Sissy te fielen, de jonge keizerin út de romantyske films mei deselde namme út de fyftiger jierren. De Steateseal liket neffens it oansteande breidspear op in paleis of in katedraal út de Sissyfilms en makket dêrom foar harren it trouplaatsje kompleet.

Dat tema joech foar de kommissaris de trochslach om de dream fan de wâldpyk en de klaaiklute yn ferfolling gean te litten. Yn ’e mande mei it pear wurdt no sjoen nei in gaadlike troudatum. Dat sil noch wol foar de ein fan dit jier wêze.

juny 27, 2021 07:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.