Weromsetten stedhûstoer kroan op De Tiid yn Boalsert

juny 8, 2021 08:38

De restauraasje fan kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert is hast ôf. De restaurearre stedhûstoer fan Boalsert komt mei in boat nei de stêd werom en wurdt wer op it eardere stedhûs pleatst. Dêrmei wurdt de kroan op it wurk set.

It âld-stedhûs fan Boalsert (foto: Wikipedia/Udo Ockema – lisinsje CC BY 3.0)

Stremming Jongemastrjitte
Yn ferbân mei de wurksumheden wurdt de Jongemastrjitte woansdei 9 en tongersdei 10 juny ôfset. De stoepe en de winkels bliuwe wol tagonklik. Ofhinklik fan it waar en de omstannichheden wurdt de strjitte oan ’e ein fan de dei wer frijjûn. Mocht it troch waarsomstannichheden net feilich wêze om it teakelwurk út te fieren, dan wurdt it plan oanpast.

“It werompleatsen fan de toer is in heuchlik barren”, seit kultuerwethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân. “It eardere stedhûs fan Boalsert is wer folslein, in fantastysk momint.” Hja neamt it werompleatsen fan de toer “it slútstik fan in boeiende perioade. No begjinne we oan in nij haadstik fan in moai ferhaal dat al goed fjouwerhûndert jier duorret. Ik haw in protte bewûndering foar hoe’t it wurk útfierd is.”

Yn septimber 2019 waard de stedhûstoer troch Boubedriuw Jurriëns Noard (ûnderdiel fan Friso Bougroep) ûntmantele, yn trije parten nei ûnderen teakele en mei in skip nei de restauraasjespesjalisten yn Snits ferfierd. Dêr is er yn syn âlde pracht werombrocht. “De restauraasje fan it stedhûs en de stedhûstoer hat in dreamkerwei fol útdagingen west foar ús tiim fan restauraasjespesjalisten”, seit Douwe Offringa, fêstigingsdirekteur Jurriëns Noard.

Plenning
De toerparten wurde op 8 juny oer it wetter fan Snits nei Boalsert ferfierd. Dêrnei wurde woansdeitemiddei 9 juny de easte twa toerparten mei in toerkraan op it stedhûs teakele. Tongersdei 10 juny komt it lêste part (lantearnpart) werom op it âlde plak. Dêrnei langet wethâlder Bakker de Boalserter flagge oer oan de útfiering fan Jurriëns Noard, dy’t dy op de spits delset en dy’t it heechste punt markearret. De wynfean wurdt op in letter momint pleatst.

De wurksumheden yn de Boalserter binnenstêd stiene net op harsels. Mei in groep ynwenners waard ferline jier in ûntwerp foar de binnenstêd makke. Begjin dit jier is úteinset mei de útfiering derfan. “Troch de ûnderskate wurksumheden snoad te kombinearjen, waard oerlêst foar de binnenstêd safolle mooglik beheind”, seit wethâlder Gea Wielinga. “Sa waarden ek fuortdaliks de Swantsjespostbrêge en de kaaimuorre fan de Merkstrjitte restaurearre. De ein fan de wurksumheden is dan no yn sicht.”

It werompleatsen is streekrjocht te folgjen fia www.sudwestfryslan.nl/detiid (fia webkamera en livestream).

juny 8, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.