Wat der allegear spilet by de Omrop
Resint ferskynd
Wat spilet der allegear by Omrop Fryslân? Dat kinne jo lêze yn in boekje dat de Omrop makke hat oer de nije radioprogrammearring. It hjit hiel tapaslik fan Alles wat der spilet. De presintatoaren fertelle deryn wat hja fan doel binne en der wurde fernijingen yn oankundige.
Nijsgjirrich is dat moarns tusken 8.00 en 9.00 Omrop Fryslân it bêst beharke radiostasjon is. Fierders is nijsgjirrich dat der in stikmannich nije radiokollumnisten oan it wurk sille. Martijn Engbrenghof fertelt hoe’t de jingles (ynliedende lûdsjes) makke wurde en Simmer yn Fryslân kriget dit jier ek wer in ferfolch.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje