Waarpraatsje: Wikseljend wykein

juny 4, 2021 19:26

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in simmerske freed mei in soad sinne. It waar hat yn it wykein twa gesichten.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn en it kin dampich of dizenich wurde. Der is boppedat kâns op in bui. By in matige wyn út it noarden wurdt it 14 graden.

Sneon is it skier en it sil sa út en troch reine mei kâns op tonger. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij kreftich. De temperatuer leit tusken de 15 en 19 graden.

Snein sjocht it waar der wer better út. By in matige noardewyn bliuwt it, sa goed as, drûch. De sinne skynt geregeld en it wurdt in graad as 19.

Takomme wike is it noflik simmerwaar.

Jan Brinksma

juny 4, 2021 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.