Waarpraatsje: Wiete moandei

juny 20, 2021 18:42

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wykein mei wikseljend waar docht de simmer dizze wike in flinke stap werom. It wurdt minder waarm en moandei sil it in hiel skoft reine.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei rekket de loft berûn en letter set it op in reinen. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 14 graden.

Moandei is it skier en op de measte plakken sil it in hiel skoft reine. It is net útsletten dat op guon plakken tusken de 20 en 40 milimeter reinwetter falle sil. De matige wyn komt út it noardeasten. Boppe de Iselmar en by de kust lâns is de wyn frij krêftich oant krêftich. It wurdt net folle waarmer as 16 graden.

Fan tiisdei ôf bliuwt it in pear dagen, sa goed as, drûch mar mei in graad as 18 is it oan de frisse kant.

Jan Brinksma

juny 20, 2021 18:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.