Waarpraatsje: Waarm simmerwaar

juny 1, 2021 18:47

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei yn hiel Fryslân in poerbêste simmerdei en it waar foar woansdei sjocht der ek kreas út.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder. De wyn komt út it easten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad as 10.

Woansdei skynt de sinne wer hast de hiele dei. De wyn is swak oant matich en komt út it easten, letter súdeasten. By de kust lâns en boppe de Iselmar giet de wyn yn ‘e middei nei it noardeasten. De temperatuer leit tusken de 20 en 25 graden.

Tongersdei en freed bliuwt it oan ’e waarme kant, mar de kâns op (tonger)buien nimt ta.

Jan Brinksma

juny 1, 2021 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.