Waarpraatsje: Waarm oant tige waarm
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in wykein mei in noflike temperatuer, mar yn ‘e nije wike wurdt it waarm oant tige waarm simmerwaar.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder. De sudewyn is swak, mar letter by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit tusken de 9 en 13 graden.
Moandei skynt de sinne hast de hiele dei, mar yn ‘e middei soe der ek wat bewolking wêze kinne. De swakke oant matige wyn komt út it suden, mar giet yn ‘e middei nei it westen en yn ‘e jûn nei it noarden. It wurdt 20 oant 27 graden.
Tiisdei is it efkes wat minder waarm, mar woansdei en tongersdei wurdt it hyt.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje