Waarpraatsje: Tongersdei tropysk

juny 16, 2021 17:49

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieljende woansdei mei simmerske temperatueren. Tongersdei wurdt it noch waarmer, mar yn ‘e jûn nimt de kâns op in (tonger)bui ta.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder. De wyn is swak oant matich en komt út it easten oant súdeasten. Mei in temperatuer om de 16 graden hinne wurdt it in hiel mylde nacht.

Tongersdei skynt de sinne flink, mar der kin ek (wat) hege bewolking wêze. De swakke oant matige súdeastewyn giet yn ‘e moarntiid nei it suden. Oerdei bliuwt it, nei alle gedachten, drûch, mar yn ‘e rin fan ‘e jûn nimt de kâns op in tongerbui ta. Op de Waadeilânen leit de temperatuer om de 26 graden hinne en boppe it fêstelân sil it 27 oant 32 graden wurde.

Freed is it ek waarm, mar der falle dan rûnom (tonger)buien.

Jan Brinksma

juny 16, 2021 17:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.